Andréastsjerke (Winaam)

(Trochferwiisd fan Andreastsjerke)

De Andréastsjerke is in tsjerke yn Winaam by Harns.

Andréastsjerke

De ienbeukige tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint-Andreas. De let-goatyske tsjerke waard yn de fyftjinde iuw boud. De toer fan de tsjerke stoarte yn 1684 yn en waard dat jier ferfongen. Yn 1904 waard de toer, tagelyk mei de westside fan de tsjerke, opnij ferfongen. Dit boudiel waard yn in neogoatyske styl ûntwurpen troch Jurjen Bruns. Yn 1931 waard de tsjerke yngreven restaurearre[1] en ûntplastere en opnij mei âld boumateriaal beklaaid. De tsjerke is in ryksmonumint. De preekstoel is makke yn 1728 troch Arjen Lous út Harns. Ek de tsjerkebanken binne makke yn de 18e iuw. It oargel út 1869 is makke troch Van Dam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4
  • Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589

  1. Dizze restauraasje ûnder lieding fan Hendrik Hendriks Kramer betsjutte feitlik in folsleine nijbou fan de tsjerke (boarne: Karstkarel 2007:313)