Andries Baart sr.

(Trochwiisd fan Andries Baart)
Gemeentehûs Dwingeloo, ûntwerp fan Baart

Andries Baart (Hoarn, 30 augustus 1885 - Ljouwert, 10 desimber 1969)[1] wie in arsjitekt út Ljouwert.

Fan 1919 ôf wie er arsjitekt yn Ljouwert, oant 1937 learaar boukunde oan de MTS. Hy boude yn en bûten Fryslân in soad nije wenningen en wenningboukompleksen, ynrjochtingen, skoallen en riedhuzen. Foar Ljouwert makke er útwreidingsplannen.

Hy restaurearre tsjerken yn Hylpen, Minnertsgea en Rinsumageast, Sint Anne, Boalsert, Jistrum en Hantumhuzen.

Hy wie lid en bestjoerslid fan in soad kommisjes, earelid fan de 'Friesche Bouwkring' en lid fan fertsjinste fan de provinsjale skientmekommisje.

Baart wie ûnder mear lid fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten, foarsitter en earelid fan de 'Friesche Bouwkring', lid fan de provinsjale wolstânskommissy en fan de frijmitselerslôzje "De Friesche Trouw". Hy publisearre ek oer boukeunst, ûnder oare yn it Bouwkundig Weekblad Architectura.

In kar út syn wurkBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Baart, Andries.
  1. Ljouwerter Krante, 11 desimber 1969