Angelica Bella, echte namme: Gabriella Kovacs (Tiszalök, 15 febrewaris 1968), is in rêstend Hongaarsk pornografysk aktrise, dy't har karriêre begûn ûnder de skûlnamme Gabriella Dari, en letter ek wol gebrûk makke fan 'e nammen Gabriella Jankov, Keti Kay en Katy Kay.

Angelica Bella
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Gabriella Dari, Gabriella Jankov,
Keti Kay, Katy Kay
echte namme Gabriella Kovacs
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 15 febrewaris 1968
berteplak Tiszalök (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19912006
offisjele webside
www.angelicabella.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Angelica Bella waard yn 1968 berne yn it Easthongaarske Tiszalök. Hja makke yn 1991, doe't hja 23 jier wie, har debút yn in pornografyske film ûnder de namme Gabriella Dari. Yn totaal spile se yn 'e jierren dêrnei, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 52 pornofilms. Se arbeide meast yn Itaalje en berikte dêr ek har grutste populariteit, mei wurk foar studio's as de Mario Salieri Entertainment Group, Grand' Idea en Bella Video. Dêrnjonken wurke se ek wol foar Dútske labels, lykas Sascha Alexander Productions en Magmafilm.

Yn films fan Amerikaanske makkelei wie Bella mar selden te sjen, al spile se yn 1992 yn diel 1 en 2 fan 'e Anal Europe-searje; yn diel 1 die se in sêne mei pornofeteranen Tom Byron en Joey Silvera. Datselde jiers wie se ek te sjen yn Rocco's Euroflesh 10: Rome after Dark, in film fan 'e Italjaanske akteur en regisseur Rocco Siffredi foar de Amerikaanske studio Sin City. Yn 1995 kearde Bella werom yn in rige Amerikaanske films, wêrûnder Angel's Vengeance en Kinky Villa.

Yn 1993 wûn Bella in Hot d'Or (dat doedestiden de wichtichste Jeropeeske pornografypriis wie) yn 'e kategory bêste Jeropeeske aktrise. Tsjin 'e ein fan 'e jierren njoggentich spile se mar selden mear mei yn pornofilms, en yn 2006 loek se har hielendal út 'e pornoyndustry werom. Dêrnei rjochte se in eigen online-seksshop op, en lei se har ta op it runnen dêrfan.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1993 Hot d'Or wûn bêste Jeropeesk aktrise n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.