Angelique Midthunder

Angelique Midthunder (folút: Angelique Roehm Midthunder; Bangkok, 1970) is in Amerikaansk aktrise, stuntfrou en casting director fan Taisk-Dútsk komôf.

Angelique Midthunder
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Angelique Roehm Midthunder
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1970
berteplak Bangkok (Tailân)
etnisiteit Dútsk
Taisk
jierren aktyf 1991 – no
offisjele webside
www.midthundercasting.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Midthunder waard berne yn 'e Taiske haadstêd Bangkok út in Taiske mem en in Dútske heit, mar emigrearre op jonge leeftyd mei har âlden en har broer Mark nei de Feriene Steaten. Hja begûn yn 'e filmyndustry doe't hja begjin njoggentiger jierren út klearbare nijsgjirrigens besleat te reägearjen op in iepen oprop foar in Japanske film, foar figuranten dy't hynsteride koene. Nei't se as aktrise yn ferskate Amerikaanske en bûtenlânske films spile hie, sette se ek útein mei te wurkjen as stuntfrou, en letter ûntdiek se har belangstelling foar it castingproses (it sykjen fan gaadlike akteurs foar de beskikbere rollen) en waard se casting director.

Midthunder kombinearre alletrije funksjes en wurke lange tiid yn Los Angeles, mar yn 2005 ferfear se nei Santa Fe, de haadstêd fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Nij-Meksiko, dêr't har Midthunder Casting al rillegau it wichtichste en ynfloedrykste castingburo fan 'e steat waard. Dêrby hat se har spesjalisearre yn it casten fan Yndiaanske rollen (dy't se sels ek gauris spile hat), en lit se har foarstean op it kombinearjen fan it behâld fan 'e kulturele yntegriteit fan 'e Yndianen mei de kreätive frijheid fan 'e filmmakkers.

Sûnt de iuwwiksel hat Midthunder ek wurksum west as regisseur, filmprodusinte, dokumintêremakster, senarioskriuwster en filmeditor. Yn 2006 wûn se op it Filmfestival fan Fargo de priis foar de bêste ferheljende koarte film (foar it troch har regisearre Reservation Warparties), en yn 2010 waard se (yn 'e mande mei David Rubin en Richard Hicks) nominearre foar in Emmy (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) foar har casting fan 'e minysearje Georgia O'Keeffe. Hja is lid fan 'e Casting Society of America en de Academy of Television Arts & Sciences. Angelique Midthunder is troud mei de Yndiaanske akteur David Midthunder, dy't fan mingd - en Assiniboin-komôf is. Harren dochter Amber Midthunder is ek aktrise.[1]

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel yn de Examiner