Anita Rani (eins: Anita Rani Nazran; Bradford, 25 oktober 1977) is in Britsk presintatrise, dokumintêremakster en tillefyzjeprodusinte fan Yndiaask komôf.

Anita Rani
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anita Rani Nazran
nasjonaliteit Britsk
berne 25 oktober 1977
berteplak Bradford (Ingelân)
etnisiteit Pûndjaabsk
Sikh
wurkpaad
wurksum as presintatrise, dokumintêremakster
medium tillefyzje, radio
wurksum by BBC
bekend fan Countryfile
Bollywood: The World's Biggest
   Film Industry
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
Anita Rani op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Rani waard yn 1977 berne yn it Ingelske Bradford, yn West-Yorkshire, yn in famylje fan Yndiaask komôf. Hja is de dochter fan in hindoeïstyske heit en in mem dy't in sikh is. Beide âldelju binne etnyske Pûndjaby. Har wiere efternamme is Nazran, wylst Rani (dat "keninginne" betsjut) eins in twadde foarnamme is. Yn har lettere karriêre op 'e tillefyzje brûkte se 'Rani' lykwols by wize fan skûlnamme as har efternamme.

Rani genoat middelber ûnderwiis oan 'e Bradford Girls' Grammar School, in famkesskoalle yn har berteplak. Se ûntwikkele al ier belangstelling foar de sjoernalistyk, en presintearre har earste radioprogramma op 'e radiostjoerder Sunrise Radio doe't se noch mar fjirtjin jier wie. Nei't se slagge wie foar har eineksamens, learde Rani fierder oan 'e Universiteit fan Leeds, dêr't se de stúdzje radio en tillefyzje folge.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't se ôfstudearre wie, wurke Rani as eftergrûnûndersykster foar de Britske steatsomrop BBC en oare organisaasjes. Yn 2002 wie se foar it earst beropsmjittich as presintatrise aktyf, yn The Edit, in live útstjoerd nijs- en entertainmentprogramma op Channel 5. Op dyselde stjoerder fersoarge Rani ek de presintaasje fan in stikmannich popmuzykprogramma's, wêrûnder Spring Break Live, Party in the Park en Pop City Live. Dêrnjonken wurke se ek as freelance-sjoernaliste foar it nijsprogramma 5 News.

Yn 'e maityd fan 2003 stapte Rani oer nei de BBC, dêr't se it satiryske nijsprogramma The State We're In presintearre, en teffens de earste edysje fan 'e poëzijwedstryd Poetry Slam. Yn 2005 waard se troch de Royal Television Society nominearre foar de priis foar bêste persoanlikheid op 'e tillefyzje. Yn maart fan datselde jier joech Rani har by it BBC Asian Network, dêr't se presintatrise waard fan Hot Breakfast, in moarnstillefyzjeprogramma dat yn it wykein útstjoerd waard. Fan april 2006 oant maart 2007 presintearre se ek it troch-de-wykse moarnspraatprogramma Anita Rani on the BBC Asian Network. Ek wie se fan maaie 2006 ôf ko-presintatrise fan Desi DNA, in keunstprogramma op BBC Two dat rjochte wie op 'e Britsk-Aziatyske mienskip (de saneamde Desi). Fierders presintearre se Destination Three, in entertainmentprogramma op 'e lette jûn, dat útstjoerd waard op BBC Three.

Nei't Rani yn 2005 al geregeldwei bydragen levere hie as ferslachjouster oan it cricketprogramma The Cricket Show, op Channel 4, joech se har yn maaie 2006 ek by Sky Sports, dêr't se mei Simon Thomas op 'e sneontemoarn de presintaasje fersoarge fan it sportprogramma Cricket AM. Yn desimber 2006 waard troch de BBC de dokumintêresearje My Generation Next útstjoerd, mei Rani as presintatrise. Yn 2007 en 2008 presintearre se fierders foar de BBC yn 'e aktualiteiterubryk World Have Your Say op 'e BBC World Service, ferskate radioprogramma's op BBC Radio 6 Music, en it programma Rogue Restaurants, wêryn't de praktiken beljochte waarden fan restaurants dy't it net sa nau namen mei de hygiêne. Ek wie se in ferslachjouster foar The One Show. Yn maart 2009 folge se Julia Bradbury op as ko-presintatrise fan it konsuminteprogramma Watchdog, op BBC One.

Fan 2011 oant 2015 presintearre Rani it programma Four Rooms, wêryn't unike foarwerpen te keap oanbean waarden oan keaplju dy't op dat mêd spesjalisearre wiene. Mei Justin Rowlatt fersoarge Rani yn 2011 ek de presintaasje fan 'e twadielige dokumintêre India on Four Wheels, oer in autoreis troch Yndia wêrby't de skiednis en foarútgong fan dat lân beljochte waarden oan 'e hân fan saken dy't de presintators ûnderweis tsjinkamen. Yn 2012 en 2014 folgen twa soartgelikense dokumintêres fan Rani en Rowlatt oer Sina en Ruslân: China on Four Wheels, resp. Russia on Four Wheels. Yn 2012 naam Rani diel oan it BBC-realityprogramma foar it goede doel Great Sport Relief Bake Off, wêryn't se de itensiedenswedstryd wûn.

Rani waard yn april 2014 oansteld as ien fan 'e presintators fan it BBC-programma Escape to the Continent, oer Britten dy't emigrearje nei it fêstelân fan Jeropa, en yn 2015 waard se ek ko-presintatrise fan it programma Countryfile, mei eftergrûnreportaazjes oer it Britske plattelân. Beide programma's presintearret se anno 2020 noch altyd. Yn 2015 naam Rani mei dûnser Gleb Savchenko diel oan it populêre realitytelefyzjeprogramma Strictly Come Dancing (yn Nederlân bekend ûnder de namme Dancing with the Stars). Dêryn helle se de heale finale foar't se eliminearre waard.

Mei Dan Snow en Robert Llewellyn presintearre se yn 2015 fierders de fjouwerdielige dokumintêrerige The World's Busiest Railway, en yn 2016 wie se ien fan 'e presintators fan 'e dokumintêre The Refugee Camp: Our Desert Home, oer flechtlingekampen. Yn 2016 wie Rani yn 'e mande mei Ant Anstead en Ade Adepitan ek ien fan 'e presintators fan 'e searje New York: America's Busiest City, oer New York. In jier letter wurke Rani gear mei Dan Snow en Ade Adepitan foar de ferfolchrige World's Busiest Cities, oer oare grutte stêden.

Yn 2017 gie Rani nei Yndia om dêr yn it ferline fan har eigen famylje te dûken foar de twadielige dokumintêre My Family, Partition and Me: India 1947, oer de Dieling fan Britsk-Ynje (yn Pakistan en Yndia) yn 1947. Dat wie fierhinne in útfloeisel fan 'e ôflevering fan it stambeamprogramma Who Do You Think You Are?, dêr't se yn 2015 oan meiwurke hie. Rani wie doe te witten kommen dat har pake oan memmekant Sant Singh (berne as Sant Ram; 1916-1975), foarôfgeande oan it gesin dêr't har mem diel fan útmakke, in oare húshâlding hân hie. Syn earste frou en bern wiene lykwols omkommen by it geweld dat mank gie mei de Dieling, wylst er sels 1.500 km fier fuort yn it Britsk-Yndyske Leger tsjinne.

Yn 2018 wie Rani ien fan 'e presintators by de BBC-ferslachjouwing omtrint de brulloft fan prins Harry en Meghan Markle. Datselde jiers makke en presintearre se in twadielige dokumintêre oer de Yndiaaske filmyndustry fan Bollywood, mei as titel Bollywood: The World's Biggest Film Industry.

Priveelibben bewurkje seksje

Rani wennet yn eastlik Londen mei har man Bhupinder Rehal, dy't in hege funksje by in reklameburo hat. Yn 2018 waard har de priis yn 'e kategory 'treflike prestaasjes op it mêd fan tillefyzje' takend by de útrikking fan The Asian Awards.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.