Ann Flower

fan 16 septimber 1993 ôf de âldste libjende ynwenner fan Nederlân, nei it ferstjerren fan Johanna Zandstra-Giezen

Ann Jemimia Flower (Ellecom, 8 july 1885Rheden, 9 augustus 1995) wie fan 16 septimber 1993 ôf de âldste libjende ynwenner fan Nederlân, nei it ferstjerren fan Johanna Zandstra-Giezen. Sy droech dy titel 1 jier en 327 dagen.

Flower stoar yn de âldens fan 110 jier en 32 dagen. Har opfolger wie Johanna van Dommelen-Hamer.