Anna Maria (pornografysk aktrise)

Anna Maria, echte namme ûnbekend (Tîrgu Mureş, 14 desimber 1974), is in rêstend Roemeensk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Hongaarsk komôf. Hja hat ek wol wurke ûnder de artystenammen Annemarie, Annamaria, Jane Sphinx en Caroline.

Anna Maria (pornografysk aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Annemarie, Annamaria,
Jane Sphinx, Caroline
echte namme ?
nasjonaliteit Roemeensk
berne 14 desimber 1974
berteplak Tîrgu Mureş (Roemeenje)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951997
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Anna Maria waard ein 1974 berne yn 'e Roemeenske stêd Tîrgu Mureş, yn Transsylvaanje, dy't in bolwurk is fan 'e grutte Hongaarske minderheid yn Roemeenje. Hja sette yn 1995 útein mei in karriêre yn 'e pornoyndustry, wêrby't hja neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn achttjin pornografyske films spile. Mei't dêr ferskate fideokompilaasjes tusken sieten, lei it wurklike oantal lykwols om 'e fyftjin hinne.

Yn 't earstoan wie Anna Maria fral wurksum foar Dútske filmstudio's as Videorama en Magmafilm, wylst se ek yn 't spier wie foar guon foaroansteande Amerikaanske labels as Anabolic Video en Evil Angel. Fan 1996 ôf wie se lykwols benammen aktyf foar it Sweedske Private, wêrby't se ferskate kearen gearwurke mei de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Yn 1997 loek Anna Maria har út 'e pornoyndustry werom, hoewol't der neitiid noch inkele films fan har útbrocht waarden dy't earder opnommen wiene.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: