Annie M.G. Schmidt-priis

De Annie M.G. Schmidt-priis is in Nederlânske ûnderskieding foar it bêste teäterliet dat yn it foargeande jier útfierd waard yn in Nederlânsk teäter. De priis is ferneamd nei de Siuwske dichteres en skriuwster Annie M.G. Schmidt.

De priis wurdt fan 1991 ôf útrikt troch de Stichting Buma Kultuer, earder Conamus, en it Amsterdams Kleinkunst Festival. De priis kin beskôge wurde as de opfolger fan de Louis Davids-priis. Sûnt 2016 waard keazen foar in nije opset mei seis nominaasjes. De bedoeling is om sa sjen te litten hoefolle moaie ferskes der skreaun wurde en sa de posysje fan it Nederlânsktalige lytskeunstliet te ferstevigjen.

De priis bestiet út in brûnzen boarstbyld fan Annie M.G. Schmidt dat makke waard troch Frank Rosen en 3500 euro en is bekikber steld troch Buma Cultuur. Jacques Klöters hat jierrenlanf sjueryfoarsitter west; syn funksje waard yn 2022 oernaam troch Jurrian van Dongen. De oare sjueryleden wikselje troch de jierren hinne.