Mei it Antependium (Latynske gearfoeging fan de wurden ante (foar) en pendere (hingje) wurdt de beklaaiing fan de foarkant en/of de siden fan de ûnderbou fan it alter ornearre. De beklaaiing is meastentiids yn de foarm fan stof, mar kin likegoed fan hout, stien of edelmetaal wêze.

Antependium

Antependia komme sawol yn protestantske as yn roomske tsjerken foar. Lykas paraminten (de kazuifel fan in preester of de stola fan in dûmny) wurde se yn de liturgyske kleuren holden en binne se faak fersierd mei symboalen dy't passe by de tiid fan it tsjerklik jier.

It komt ek foar dat it begryp rommer útlein wurdt as in doek, dat earne tsjin oan of oer hinget, lykas oer de preekstoel.

Skiednis bewurkje seksje

Al sûnt de 4e iuw is by it alter in foarhang gebrûk. Se waarden eartiids pallium of vestus altaris neamd en beklaaiden foar in part alle kanten fan it alter. It wurd antependium dûkt pas yn de lette midsiuwen op. Yn de midsiuwen is it alter fan de mensa (de alterplaat) oant de flier fakentiden net mei stof, mar mei bewurke hout, edelmetaal of stien beklaaid. Ek dy beklaaiing wurdt antependium neamd. As de beklaaiing fan stof wie waard eartiids de foarkant ryk en kostber mei motiven bestikke.

Keppeling om utens bewurkje seksje