Antje Aans-Jelsma

Antje Aans-Jelsma (Wolvegea, 15 april 1904 - De Gordyk, 27 april 2012) wie yn 2012 de âlste ynwenner fan Fryslân.

As boeredochter út Wolvegea, dy't grutbrocht waard yn Oerterp, troude se yn 1929 mei Wiebe Aans en krige mei him twa bern, Bonne en Hieke. Nei har trouwen ferhuzen se nei Lippenhuzen. Sy wenne in grut diel fan har libben yn Oerterp. Yn 1991 ferstoar Wiebe Aans.

De lêste trettjin jier fan har libben wenne hja yn in fersoargingshûs op De Gordyk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: