AquaZoo Friesland

AquaZoo Friesland is in Fryske dieretún dy't beëasten Ljouwert yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer leit. Dit bedriuw waard yn 1994 oprjochte as Otterpark Aqualutra, mar ûntjoech him yn 2003 ta in mear algemiene dieretún, hoewol't de bisten yn 'e kolleksje allegear in bân mei wetter holden. Hjoed de dei binne der yn AquZoo Friesland mear as fyftich soarten bisten te besjen.

AquaZoo Friesland
  dieretún
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres De Griene Stjer 2
koördinaten 53°12′59″N 5°52′58″E
terrein De Griene Stjer
bysûnderheden
type tradisjonele dieretún
tema wetter
diel fan Libéma
oerflak 234.760 m²
tal soarten 90 (2022)
besikers 155.000 (2017)
netwurk(en) NVD, EAZA
skiednis
hist. namme Otterpark Aqualutra
iepening 1994
offisjele webside
www.aquazoo.nl
kaart
AquaZoo Friesland (Ljouwert)
AquaZoo Friesland
Lokaasje yn De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan Ljouwert.

Skiednis bewurkje seksje

AquaZoo Friesland waard yn 1994 iepene ûnder de namme fan Otterpark Aqualutra. De oprjochting dêrfan wie yn 1990 al oankundige en mei de bou wie yn 1992 úteinset.[1] Otterpark Aqualutra kaam op it plak fan it âld iepenloftswimbad De Lytse Wielen.[1] It hie yn 't earstoan, sa't dy namme al fermoedzje lit, mar ien bistesoart ta besichtiging: de otter, en it bestie út in besikerssintrum, in fokstasjon en in ûndersyksstasjon.[1] Men rekkene op 100.000 besikers yn 't jier, mar hoewol't der al rillegau wat oar bistespul bykaam, die bliken dat sokke sifers by lange nei net helle waarden. Aqualutra wie sadwaande net rindabel wie, en yn 2001 waard it park ferkocht oan 'e ynvestearringsmaatskippij Libéma.[1]

Libéma die it park per 1 jannewaris 2003 oeer oan Zodiac Zoos, in bedriuw wie ek eigner fan Dierenpark Wissel, ZooParc Overloon en Kasteeltuinen Arcen.[1] Nei in grutskalige renovaasje waard Aqualutra omdoopt ta AquaZoo Friesland.[1] Dêrmei waard it in algemienere dieretún, al konsintrearre it him noch altiten fral op fûgels en sûchdieren dy't in konneksje mei wetter hawwe. Te hege skulden en tebekrinnende besikersoantallen soargen der foar dat Zodiac Zoos ein jannewaris 2015 oer de kop gie.[1]

It fuortbestean fan AquaZoo Friesland liek in skoftke oan in rottich toutsje te hingjen, mar op 19 febrewaris waard bekend dat de kurator it mei Dierenpark Wissel en ZooParc Overloon weromferkocht hie oan Libéma, dat ek de eigner wie fan Safaripark Beekse Bergen, yn Hilvarenbeek, en fan it Dierenrijk yn Nuenen. Libéma (in ôfkoarting fan Lips Beheer Maatschappij) wie fan doel en slút Dierenpark Wissel, mar foar ZooParc Overloon en AquaZoo Friesland seach men goede kânsen om wer finansjeel sûne attraksjes te wurden.[2] De trochstart fan AquaZoo Friesland yn 2015 ferrûn muoisum, mei't der in protte efterstallich ûnderhâld wie en inkele grutte putten (lykas it graven fan in bad foar it seeliuweferbliuw) healôf lizzen bleaun wiene.[1]

Utwreiding bewurkje seksje

Sûnt 2016 wurdt AquaZoo mei tuskenskoften útwreide. Sa kamen der yn juny 2016 iisbearen by,[3] yn july 2017 Nylkrokkedillen.[4] en yn oktober 2019 loaierts.[1] De iisbearen soargen yn 2016 mei foar it rekôroantal besikers fan 130.000.[5] (Ta ferliking: yn 2015 wiene der noch 85.000 besikers.)[1] Troch de Nylkrokkedillen passearren yn 2017 155.000 minsken de kassa, wat op 'e nij in rekôr wie.[5]

Neffens fêstigingsmanager Jeroen Loomeijer, dy't yn jannewaris 2018 sitearre waard yn 'e Ljouwerter Krante, kamen in protte lju nochris werom, en wiene der per 1 jannewaris 2018 sa'n 5.500 jierkaarthâlders. Under de besikers wiene neffens him in soad Dútske toeristen dy't har fakânsje yn Fryslân trochbrochten, en teffens groeide de belangstelling fan ynwenners fan û.m. Drinte en Noard-Hollân fanwegen de "ynteressante kolleksje bisten".[5] De úteinlike ambysje fan AquaZoo is neffens Loomeijer in besikersoantal fan 200.000 minsken jiers.[1] Foar 2018 waard ynset op 170.000.[5]

Yn 2018 kamen der gjin nije bisten by om't dat jiers ynstee it parkearterrein en de húskes fernijd waarden. Ek waarden ferskate fan 'e besteande bisteferbliuwen, lykas de ûlefoliêre, alhiel renovearre.[5] Yn 2019 waarden in stikmannich beammen rûge, dy't ûnhandige ticht by it iisbeareferbliuw stiene.[1] Mids 2021 waard úteinset mei de oanlis foar in nij ferbliuw foar in pearke Sibearyske tigers.[6] De beide grutte katten arrivearren yn april 2022 yn 'e dieretún.[7]

Yn desimber 2023 waard bekendmakke dat AquaZoo in nij gebiet oanlizze soe dat hielendal wijd wie oan 'e natoer fan Noard-Amearika. It soe "Churchill" komme te hjitten nei de rivier mei deselde namme yn Kanada. Behalven de al yn it park oanwêzige iisbearen soene dêr ek û.m. waskbearen en Kanadeeske bevers komme. De beplanting fan it nije dieretúndiel soe foar in part bestean út âlde krystbeammen, dy't partikulieren foar dat doel by de dieretún ynleverje koene. De ferwachting wie dat "Churchill" yn it foarjier fan 2024 iepengean soe foar besikers.[8]Op 25 maart kamen der tolve waskbearen yn de bistetún oan foar it Noard-Amearikagebiet, alve fan dy waskbearen naaiden yn de nacht fan 25 op 26 maart út, twa fan de alve waarden deselde deis wer weromfûn.[9][10]

Galery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: