Haadmenu iepenje

Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat

De Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat (Ingelsk: Arapaho Tribe of the Wind River Reservation; Arapaho: Hinono’eiteen, útspr.: [hɪnɔnɔʔeitɪ:n]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Wyoming. Dizze stamme wurdt ek wol Noardlike Arapaho Stamme (Northern Arapaho Tribe) neamd, al is dat net de offisjele namme. De organisaasje waard oprjochte yn 1878, en it haadkertier is fêstige yn Fort Washakie, yn Wyoming.

Arapaho Stamme fan it
Wind River Reservaat
Flagge fan de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Arapaho Tribe of the Wind River
   Reservation
lânseigen
  namme
Hinono’eiteen
etnisiteit Noardlike Arapaho
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Fort Washakie (Wyoming)
ledetal 9.900 (2014)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1878
reservaat
reservaat Wind River Yndianereservaat
lokaasje Wyoming
oerflak 9.147,9 km²
ynwenners 23.000 (2000)
offisjele webside
www.northernarapaho.com
De lokaasje fan it Wind River Yndianereservaat yn Wyoming.

DemografyBewurkje

De Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat hie yn april 2014 9.885 leden. Dat binne etnyske Arapaho fan 'e substamme fan 'e Noardlike Arapaho. Sa'n 50 leden fan 'e stamme kinne mei wissichheid harren ôfstamming fan 'e Besawûnena (Besawunena) oantoane, in etnyske groep dy't nau mei de Noardlike Arapaho besibbe wie en der úteinlik yn opgien is.

ReservaatBewurkje

It reservaat dat troch de Arapaho Stamme bewenne wurdt, is it Wind River Yndianereservaat (Wind River Indian Reservation) fan westlik Wyoming, dat útsûnderlik is om't it dield wurdt troch twa federaal erkende stammen: de Arapaho Stamme en de Eastlike Sjosjoanestamme (Eastern Shoshone Tribe). Der wennen yn 2011 rom 23.000 minsken, wêrfan't likernôch 12.000 (of 51,3%) Yndianen wiene en de rest fierhinne blanken. De Noardlike Arapaho makken mei krapoan 8.200 minsken yn it reservaat sa'n 35,2% fan 'e befolking út. It Wind River Reservaat hat in oerflak fan net earlik 9.150 km², en alle natuerlike en ekonomyske helpboarnen binne der foar 50% eigendom fan 'e Arapaho Stamme en foar 50% fan 'e Eastlike Sjosjoanestamme.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.