Arktysk Sintrum

(Trochferwiisd fan Arctisch Centrum)

It Arktysk Sintrum (Arctisch Centrum), oprjochte yn 1970, is ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins dat dwaande is mei multidisiplinêr ûndersyk yn de poalgebieten.

It Arktysk Sintrum is oarspronklik opset om de archeologyske opgravingen fan de walfiskfardersdelsetting Smeerenburch op Spitsbergen hinne. It sintrum hat wilens ek geografen, histoarisy en biologen oant wurk. It Arktysk Sintrum is in ekspertize-ynstitút foar de poalgebieten en fertsjinstwurdiget Nederlân yn ynternasjonale wurkgroepen fan de Artyske Ried (AMAP, CAFF, Sustainable Development) en IASC. It Nederlânsk Poalstasjon yn Ny-Ålesund op Spitsbergen wurdt beheard troch it Arktysk Sintrum dat ek in ûnderdiel fan it Willem Barentsz Poalynstitút is, dêr't poalûndersikers yn lanlik ferbân mei elkoar oparbeidzje. Studinten fan alderlei stúdzjerjochtings kinne dêr in semester lang bachelorônderwiis folgje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje