Mei Ariërs waard foarhinne de Iraanske folken lykas de Perzen oantsjutten. Letter waarden ek de Noard-Ynjers (Yndo-Ariërs) en de Yndo-Iraansk sprekkende Yndo-Iraniërs hjir ta rekkene. De namme "Ariër" (Sanskryt: आर्यन) komt út it Sanskryt en betsjut eal of de spirituele.

De Behistunynskripsje fan de 6e iuw f.Kr. is ien fan de earste ynskripsjes mei it wurd ariër, yn de betsjutting fan Iraniër.[1]

De Ariërs hawwe harren goed 5000 jier lyn festige yn it tsjintwurdige Iran en omkriten. Sy binne letter ek terjochte kaam yn de noardlike helte fan it Yndiaaske subkontinint. Ek yn Afganistan heart in part fan de befolking ta de Ariërs.

Yn Jeropa waard de namme Ariër yn de 19e iuw ek brûkt foar de Germanen dy't inkele tûzenen jierren foar Kristus Jeropa befolken út it easten wei. Troch de nazis krige de namme lykwols in rasistyske betsjutting omdat sy harren rasselear dêrop basearren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gershevitch, Ilya (1968), "Old Iranian Literature", Handbuch der Orientalistik, Literatur I, Leiden: Brill, sd. 1–31, s. 2