Arrondissemintsrjochtbank
De Arrondissemintsrjochtbank is de rjochtbank binnen in arrondissemint. Yn Nederlân wurdt de namme net mear brûkt, yn Belgje noch wol.
Nederlân
bewurkje seksjeSûnt de modernisearring fan it Boargerlik prosesrjocht sprekt de wet op de rjochterlike organisaasje net mear fan Arrondissemintsrjochtbank, mar wurdt it ienfâldigere Rjochtbank brûkt. De nije beneaming hinge gear mei it ferdwinen fan de kantongerjochten dy't as sektor kanton opgiene yn de nije rjochtbank.
Fierders is dêrmei it begryp arrondissemint net út de wet ferdwûn. It rjochtsgebiet fan de rjochtbank wurdt noch altyd oantsjutten as arondissemint. Dêrfan binne der 19, sjoch rjochterlike yndieling fan Nederlân.
Belgje
bewurkje seksjeYn Belgje is der yn elk Gerjochtlik arrondissemint neist de Rjochtbank fan earste oanlis, de Arbeidsrjochtbank en de Rjochtbank fan keaphannel, ek in Arrondissemintsrjochtbank. Dizze docht útspraak oer foechskelen.