Arsjitektuer yn Fryslân

De Arsjitektuer yn Fryslân is ferspraat oer de hiele provinsje en is de muoite wurdich om te besjen. Yn dit oersjoch falle de measte ûnder de monumintesoarch.

Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân

bewurkje seksje

De Fryske alve stêden binne allegear beskerme stedsgesicht. Ek binne der tsientallen plakken mei beskerme doarpsgesichten yn Fryslân.

Bysûndere bouwurken

bewurkje seksje

UNESCO-monuminten yn Fryslân

bewurkje seksje

Yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten stean trije ryksmonuminten út Fryslân.

Unyk, heech of bysûnder

bewurkje seksje

De waterpoarte yn Snits is in bysûnder gebou. It stedhûs fan Boalsert (1617) is gebou út de Renêssânse. De Achmeatoer is it heechste gebou fan Fryslân (Sjoch ek: list fan heechste gebouwen fan Ljouwert).

Bouwurken dy 't in priis wûn hawwe

bewurkje seksje

Behalve moai binne der ek gebouwen dy 't in priis wûn hawwe yn in bepaalde kategory.

Ek it Suderseewurk de Ofslútdyk heart foar in grut part by Fryslân.

  • Boukeunst
  • Haadartikels per kategory bouwurk yn Fryslân.

Yn de kommenende artikelen wurdt per kategory in oersjoch jûn fan de bouwurken mei oandacht foar de skiednis en arsjitektuer. De tsjerken en klokkestuollen binne fan grut kultuerhistorysk belang. De waachgebouwen en wetertuorren hawwe harren funksje ferlern, sadat der nei in nije bestimmming socht wurde moat. Fan de mear as twatûzen wynmolens yn Fryslân binne der mar hûndert bewarre bleaun. De akwadukten hearre ta de nijste bouwurken yn Fryslân.

  • Architectuur en stedebouw in Friesland 1850-1940, G.J.M. Derks, M.F. Fermo, F.R. van Weezel Errens, (1994), Swol, Waanders