Arteezje (regio)

Arteezje yn it departemint Pas-de-Calais
Flagge fan it greefskip Arteezje
Arteezje yn de 15e iuw
Gea yn 'e omkriten fan Delettes

Arteezje (Frânsk: Artois, Nederlânsk: Artesië) is in streek yn it noarden fan Frankryk. It gebiet beslacht sa'n 4000 km² en telt in befolking fan likernôch 1 miljoen minsken. De wichtichste stêden fan it gebiet binne: Arras (Nederlânsk: Atrecht), Saint-Omer (Sint-Omaars), Lens en Béthune.

LizzingBewurkje

Arteezje beslacht likernôch it binnenlân fan it departemint Pas-de-Calais, dêr't it westlike part it eardere gebiet Boulonnais beslacht. Arteezje omfiemet rûchwei de arrondisseminten Arras, Béthune, Sint-Omaars en Lens, en it eastlike part fan it arrondissemint Montreuil.

GeologyBewurkje

De streek hat benammen in kryteftige ûndergrûn. De krytlagen ûntstiene yn it Kryt en waarden neitiids omheech drukt sa't se de Weald-Artoisanticline foarmen. Yn de streek komme in soad artezyske boarnen foar, in type boarne dy't nei de streek neamd waard.

SkiednisBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Greefskip Arteezje.

It gebiet waard oarspronklik bewenne troch de Atrebaten, in Gallyske stamme, dy't ta de Belgae hearden. Julius Caesar ûnderwurp harren yn 52 f.Kr.. Under de Karolingen waard it gebiet in goa (pagus Atrebatensis).

Oarspronklik wie it in eigen greefskip, doe't it anneksearre waard troch it greefskip Flaanderen. It kaam yn 1180 ta Frankryk as in breidskat fan in Flaamske prinsesse, Isabella fan Henegouwen, en it waard yn 1237 wer in eigen greefskip foar Robert, de beppesizzer fan Isabella. Troch erfenis kaam Arteezje yn 1384 ûnder de hearskip fan de hartoggen fan Boergonje. Nei de dea fan hartoch Karel de Stoute yn 1477 waard Arteezje urven troch de Habsburgers en kaam letter ûnder de Spaanske Habsburgers. Nei de protestantske revolúsjes yn de Nederlannen, sleat Arteezje him oan by de Nederlânske Opstân yn 1576 mei de Pasifikaasje fan Gint. Yn 1579 it foarme de Uny fan Arras.
Nei de Uny foarmen Arteezje en Henegouwen in eigen oerienkomst mei Filips II fan Spanje. Arteezje bleau in part fan de Spaanske Nederlannen oant it troch de Frânsken anneksearre waard yn de Tritichjierrige Kriich en dat waard erkend by de Frede fan de Pyreneeën yn 1659. It grutste part fan Arteezje wie al Frânsktalich, mar it wie part fan de Súdlike Nederlannen oant de Frânske anneksaasje.

It waard doe in Frânske provinsje en Arras bleau de haadstêd. Nei de Frânske Revolúsje waard Arteezje bas in bestjoerlike ienheid opheft en waard it part fan it departemint Pas-de-Calais.

Eardere taaltastânBewurkje

 
Plaknamme Picquendal (Pikkendal) mei in Germaansk-Nederlânske oarsprong

It gebiet fan Arteezje lei sûnt it neigean fan it Romeinske Ryk yn it oergongsgebiet fan Germaansk- en Romaansktaligen, mei in sterke Frankyske en Saksyske oanwêzigens yn it noarden, dêr't letter de Nederlânske en Flaamske dialekten harren ûntwikkelen, en in Romaansktalige yn it suden, dêr't Pikardyske en Frânske dialekten harren ûntjoegen. It gebiet mei Germaanske dialekten rûn eartiids fierder nei it westen yn it eardere greefskip Boulogne. Al rillegau wie der sprake fan romanisaasje fan it suden nei it noarden, foar't de streek noch troch Frankryk anneksearre waard en hast folslein op it Frânsk oergien wie. Yn Frânsk-Flaanderen bleau men lykwols wol Nederlânsk praten. Plaknammen en oare toponimen jouwe noch neitinken fan it Nederlânsk-Germaansk yn de streek.

It noardlike part, om Calais, Ardres, Audruicq (Ouderwijk) en benoardwesten Sint-Omaars stie bekend as Flaamsk-Arteezje en bleau it langst Nederlânsktalich, alteast oan de ein fan de Midsiuwen en ferspraat noch lang dernei. Nijsgjirrich is dat it Nederlânsk it Frysk yn dy tiid op deselde manier ferkrongen hat yn Hollân.

Yn it gebiet komme net allinne Frankyske toponimen foar, lykas -inghem of -inghen, dy't werom geane oant de tiid fan de Karolingen, mar ek toponimen mei -hove, lykas Polincove (Polinkhove), Ostove (Oosthove) of -kerke, lykas Zutkerque (Zuidkerke), Nortkerque (Noordkerke), dy't werom gean ta it grutte oanmeitsjen fan it lân yn de tolfde en trettjinde iuw.

Mear nei it suden ta, om Terwaan hinne, dêr't earst ek Aldnederlânsk praten waard, hat de romanisearring earder plakfûn. Dêr binne noch in soad toponimen mei Germaanske útgongen -inhem (Matringhem) en -hem (Dohem, Westrehem), of Galloromaanske toponimen mei Germaanske oerbliuwsels deryn, sa as bygelyks plaknammen mei -ecq(ues), dy't werom geane op -acum, dy'tyn in Romaanske klankûntjouwing oars op -ai of -igny einige hawwe soene. (Ecquedecques, Coyecques).

Guon âlde Germaanske plaknammen hawwe in (Angel)saksysk skaaimerk en dogge oan Ingelske plaknammen tinken, benammen plaknammen mei -incthun en -thun (Audincthun, Landrethun), ferlike mei Ingelske plaknammen mei -ton en -ingdon, lykas Brighton. Dat komt troch it Angelsaksyske ferfarren yn de fyfde en sechsde iuw, mei as mulpunt de ferdwûne hannelstêd Quentowic, dy't yn de njoggende iuw troch de Noarmannen plondere waard en dêrnei opheft waard, oan de rivier de Canche by Montreuil (Monsterole)

De hannelskontakten mei it noarden bleaune nei it ferfrânskjen fan it gebiet bestean en dus bleau der in Flaamske ynfloed bestean. Ferskate plaknammen hawwe in Flaamske fariant, dy't earder al as net faak foarkaam, sa as bygelyks Kales (Calais), Bonen of Beunen (Boulogne), Zandgate (Sangatte), Witzande (Wissant), Hosden (Houdain), Kaap Blankenes (Cap Blanc-Nez) en Kaap Zwartenes (Cap Gris-Nez).