Haadmenu iepenje

SkiednisBewurkje

Yn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om sawat 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom tinkt men ek dat Arum ûntstien is op it plak fan Baarderbuorren. De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1410

Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. Goed 50 jier letter yn 1420 waard hjir opnij slach levere. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden doe nei Lúntsjerk werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 wurdt by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.

Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wiene: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei).

It measte ferfier yn Arum gie earder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.

DoarpswapenBewurkje

 
De Gekroonde Leeuw Sytzamawei 15 - herberch út 1867 - wie in halte oan de tramline Harns - Boalsert

It wapen fan Arum bestiet út trije fliëkamen. Om't de boeren eartiids bekend stiene om harren fliejepleach. Hja fûnen dêrom de fliejekaam út. De Arumer boeren binne der nea folle better fan wurden, want se ha der nea in oktroai op hân.

MienskipBewurkje

It âldste doarpshûs fan Fryslân waard hjir yn 1926 oprjochte. It wie in houten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan 't Algemien. It kontaktbledsje hjit De Skille.

FerieningsBewurkje

BefolkingBewurkje

TsjerkenBewurkje

Ferneamde ArumersBewurkje

Berne yn ArumBewurkje

Stoarn yn ArumBewurkje

FerskaatBewurkje

StrjittenBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: