It Attysk wie it dialekt fan it Aldgryksk dat tusken likernôch 500 en 300 f.Kr. sprutsen waard yn 'e Grykske lânstreek Attika (it gebiet om 'e stêd Atene hinne) en op beskate eilannen yn it noardlike part fan 'e Egeyske See, te witten: Skyros, Lemnos, Imbros en Samotrake. It wie ien fan 'e beide foarmen fan it Eastlik Aldgryksk, yn 'e mande mei it Ioanysk, dat frij nau oan it Attysk besibbe wie. (Soms wurdt it Attysk ek wol as in Ioanysk subdialekt beskôge.) It Eastlik Aldgryksk hie him wierskynlik yn 'e njoggende iuw f.Kr. ûntjûn út it Myseensk Gryksk, dat yn it saneamde Lineêr B-skrift op likernôch 6000 klaaitabletten en potdiggels fan 'e 15de of de 14de iuw f.Kr. ôf oerlevere is. Troch it gat yn 'e skreaune oerlevering tusken 1200 en 750 f.Kr. is dat lykwols net mei absolute wissichheid te sizzen.

Attysk
algemien
taalgebiet Attika en guon Egeyske eilannen
skrift Gryksk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Helleensk
    ● Aldgryksk
      ● Eastlik Aldgryksk
        ● Attysk
skaaimerken
tiidrek 500 – 300 f.Kr.
ûntstien út Myseensk Gryksk
ûntjûn ta Hellenistysk Gryksk
De fersprieding fan 'e Aldgrykske dialekten: it Attysk is werjûn yn in rôzich pearze kleur.

De âldste oerlevere Aldgrykske literatuer, de Ilias en de Odyssee fan Homêros, is net yn it Attysk skreaun, mar yn it Ioanysk. Feitliks wie it Attysk in frij obskuer dialekt oant yn 594 f.Kr. konstitúsjonele herfoarmings yn Atene de ynfiering fan 'e demokrasy ta gefolch hiene. De âldste oerlevere literatuer yn it Attysk datearret fan likernôch 460 f.Kr. De skiednis fan it dialekt kin opdield wurde yn twa perioaden: it Aldattysk (oant 400 f.Kr.) en Nij-attysk (400-300 f.Kr.).

Nettsjinsteande syn frij beheinde fersprieding wie it Attysk fierwei it ynfloedrykste fan 'e sân Aldgrykske dialekten, wat it gefolch wie fan 'e politike en kulturele ynfloed dy't Atene op 'e rest fan Grikelân hie. It wie de taal fan klassike wittenskippers as Plato, Sokrates en Aristoteles, fan skiedskriuwers as Ksenofon en fan ferneamde toanielskriuwers as Sofoklês, Aiskylos, Euripides en Aristofanes, en sadwaande is it de standertfoarm fan it Aldgryksk dy't ek hjoed de dei noch op skoallen en universiteiten oer de hiele wrâld ûnderwiisd wurdt. Uteinlik soe it Attysk him (mei lichte Ioanyske ynfloeden) tsjin 300 f.Kr. ûntjaan ta it Hellenistysk Gryksk of Koinè, dat him as de taal fan it ryk fan Aleksander de Grutte oer it hiele Eastlike Bekken fan 'e Middellânske See fersprate.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

(in) Ynformaasje oer it Aldgryksk op it webstee fan 'e Universiteit fan Teksas

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.