Haadmenu iepenje

Libben en wurkBewurkje

Bé Nijenhuis waard opbrocht yn It Hearrenfean yn in húshâlding mei trije bern. Heit wie winkelman. Hy gie in tal jierren nei Ulo en dêrnei nei de Hannelsskoalle. Nijenhuis wurke as fertsjintwurdiger (tou, tsiis, segaren) en fersekeringsagint. Yn 1935 ferhuze de húshâlding Nijenhuis nei De Bosk en in stik as wat jierren letter nei Arnhim. Dêr hat er belidenis fan syn leauwe ôflein yn de grifformearde tsjerke. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat er ûnderdukt west en fersetswurk dien. Hy waard arrestearre en hat in skoft fêst sitten yn Kamp Amersfoart. Dy ûnderfining hat him in trauma besoarge dêr't er nea direkt oer skreau hat[1]Nei de oarloch die er sjoernalistyk wurk foar ûnder oaren it deiblêd Trouw. Bé Nijenhuis is syn hiele libben frijfeint bleaun.

Bé Nijenhuis wie in kristlik skriuwer. Fjouwer fan syn boeken ferskynden yn de VCL-rige (Vereniging tot bevordering van Christelijke Lectuur) fan Utjouwerij Kok. Dat is in kristelike boekerige mei abonnees dy't yn 1843 oprjochte waard.[2] Nijenhuis syn earste roman Dossier 333 waard fan 9 maaie 1955 ôf as harkspul yn trije dielen útstjoerd troch de NCRV.

Yn kristlike fermiddens wiene Nijenhuis syn boeken modern en ûngewoan en hy siet boppedat by in útjouwerij dy't meast streekromans brocht. Hy ferwurke eksistinsjalistyske temas yn syn wurk. Hy skreau ek spannende en koartswilige ferhalen. Nijenhuis woe gjin preker as ferkundiger wêze. "Ik ben noch dominee, noch heilssoldaat, noch evangelist", hat er oer himsels sein. Hoewol't syn twadde roman Laatste wagon goed besprutsen waard yn de lanlike parse en troch guon saakkundigen sels fergelike waard mei wurk fan in Graham Greene en Fjodor Dostojevski [3], is syn wurk bûten kristlike fermiddens net sa bekend wurden.

OeuvreBewurkje

  • Dossier 333, Kampen: Kok 1952
  • Laatste wagon, Kampen: Kok 1954
  • De familie Heesters, Kampen: Kok 1955
  • De tornado, Kampen: Kok 1956 (opnaam yn de CLO 15, in kanon fan kristlike literatuer. Yn 2014 wertaald troch Hans Werkman)
  • De hordenloop van J. Kobald, Kampen: Kok 1958
  • Tok, tok, tok, al weer geen ei, Kampen: Kok 1965
  • Inspecteur Raynoldi en zijn arrestante, Kampen: Kok 1971
  • De kruik is gebroken, en drie andere verhalen, Kampen: Kok 1979 (keazen en ynlaat fan Hans Werkman)

BiografyBewurkje

  • Hans Werkman, Spitten en (niet) moe worden. Leven en werk van Bé Nijenhuis (1914-1972), Kampen: Kok 1995

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne

  • Hans Werkman oer Bé Nijenhuis, yn: Trouw, 26 augustus 1994 (mei oanfollings)

Noaten

  1. Ljouwerter Krante 15 novimber 2014, Bé Nijenhuis: een miskend schrijver. S 13.
  2. Webside VCL-searje.
  3. Ljouwerter Krante 15 novimber 2014, Bé Nijenhuis: een miskend schrijver. S 13., sitaat fan Hans Werkman