Studio Babelsberg

(Trochferwiisd fan Babelsberg Studio)

Studio Babelsberg, ek wol bekend as Filmstudio Babelsberg, is in studiokompleks anneks filmstudio yn it Dútske Potsdam, ûnder de reek fan Berlyn. It bedriuw waard yn 1912 oprjochte en is ien fan 'e âldste bedriuwen fan syn soarte yn 'e wrâld. Mei in oerflak fan 46 ha is it ek it grutste studiokompleks fan Jeropa. Studio Babelsberg makket sawol eigen produksjes en ko-produksjes mei oare filmstudio's, as dat it studioromte ferhierd oan oare filmprodusinten. Yn it studiokompleks binne troch de jierren hinne hûnderten films makke en sûnt de 1990-er jierren ek tillefyzjesearjes. Sûnt jannewaris 2022 is it kompleks as ûnderdiel fan Cinespace Film Studios eigendom fan TPG Real Estate Partners (TREP) en Filmbetriebe Berlin Brandenburg GmbH (FBB).

Studio Babelsberg
algemien
nasjonaliteit Dútsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Potsdam (Brandenburch)
oprjochte 1912
oprjochter Jules Greenbaum
eigner TPG Real Estate Partners
Filmbetriebe Berlin Brandenburg
mem Cinespace Film Studios
sifers
wurknimmers 92 (2017)
offisjele webside
www.studiobabelsberg.com
kaart
Studio Babelsberg (Berlyn)
Studio Babelsberg
Lokaasje fuort bûten Berlyn.

It terrein fan Studio Babelsberg yn 'e Potsdammer wyk Babelsberg waard yn 1911 oankocht troch de Dútske filmstudio Deutsche Bioscope, dy't yn 1899 oprjochte wie troch Jules Greenbaum. Deutsche Bioscope boude der in earste studio yn 'e foarm fan in gebou dat fierhinne út glês bestie, om't iere studio's ûntwurpen waarden om gebrûk te meitsjen fan natuerlik ljocht. De earste film dy't yn Studio Babelsberg opnommen waard, wie al yn febrewaris 1912 Der Totentanz fan 'e Deenske regisseur Urban Gad.

Yn 1920 fusearre Deutsche Bioscope mei Erich Pommers syn Decla-Film GmbH om Decla-Bioscop te foarmjen. It wie dàt bedriuw dat yn 1926 de grutte studio sette liet dy't no de Marlene Dietrich Halle hjit, foar de opnamen fan 'e film Metropolis fan Fritz Lang. Decla-Bioscop gie yn 1928 op yn Universum Film AG (UFA). Om dyselde snuorje hinne learden lju as Marlene Dietrich, Alfred Hitchcock en Billy Wilder, foar't se bekendheid krigen, de kneepkes fan it fak yn Studio Babelsberg.

Yn 1929 waard de earste studio foar de opnamen fan lûdsfilms yn Jeropa, de Tonkreuz, as ûnderdiel fan Studio Babelsberg boud. UFA brûkte dy studio foar in diel fan 'e produksje fan syn earste lûdsfilm, Melodie des Herzens, dy't foar in oar part yn Hongarije opnommen waard. Dy film wie tige súksesfol, mar de earste film dy't hielendal yn 'e Tonkreuz filme waard, Josef von Sternberg syn Die blaue Engel (1930), mei Marlene Dietrich, wie noch folle súksesfoller. Yn 'e 1930-er en 1940-er jierren wie Studio Babelsberg ferneamd om syn revufilms en filmmusicals, lykas Der Kongreß tanzt (1931), La Habanera (1937) en Die Frau meiner Träume (1944).

Under nazy-Dútslân stie Studio Babelsberg fan 1933 oant 1945 ûnder bewâld fan 'e minister fan propaganda Joseph Goebbels. Yn dy tiid waarden yn it studiokompleks hûnderten films produsearre dy't de nasjonaal-sosjalistyske ideology en letter ek de oarlochsynset ûnderstypje moasten. De bekendste dêrfan wie sûnder mis Triumph des Willens (1935) fan Leni Riefenstahl. In oar foarbyld is it antysemityske Jud Süß (1940).

 
Studio Babelsberg yn 1952.

Nei de nederlaach fan nazy-Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Dútslân opdield yn ynfloedsfearen troch de fjouwer wichtichste Alliëarde lannen. Potsdam mei Studio Babelsberg kaam ta de ynfloedssfear fan 'e Sovjet-Uny te hearren, dy't yn oktober 1949 omfoarme waard te de Dútske Demokratyske Republyk (DDR). It studiokompleks kaam yn maaie 1946 yn 'e hannen fan it steatsbedriuw DEFA (Deutsche Film AG), dat der oant de Dútske Ienwurding yn 1990 mear as 800 films produsearre, wêrûnder 150 bernefilms. Fan 1959 oant 1990 waarden yn it kompleks dêrnjonken ek nochris 600 tillefyzjefilms opnommen.

Nei de Fal fan 'e Berlynske Muorre krige de Treuhand opdracht om 'e privatisearring fan 'e DEFA ta te rieden. Yn augustus 1992 waard it bedriuw sadwaande ferkocht oan 'e Frânske Compagnie Générale des Eaux, dy't letter opgie yn Vivendi Universal (fan 2006 ôf koartwei Vivendi). Yn 'e folgjende tolve jier stiek dat bedriuw likernôch 500 miljoen yn it modernisearjen fan it efter de tiid rekke kompleks. Yn july 2004 ferkocht Vivendi Universal Studio Babelsberg oan it ynvestearringsbedriuw Filmbetriebe Berlin Brandenburg GmbH (FBB).

2007, doe't der tolve grutte spylfilms yn Studio Babelsberg opnommen waarden (wêrûnder Valkyrie mei Tom Cruise en The Reader mei Kate Winslet), wie it meast winstjaande jier sûnt de privatisearring. Yn 2008 sleat Studio Babelsberg in strategysk ferbûn mei de Amerikaanske filmstudio Silver Pictures fan filmprodusint Joel Silver. Sûnt jannewaris 2022 is it studiokompleks yn 'e hannen fan Filmbetriebe Berlin Brandenburg GmbH èn TPG Real Estate Partners (TREP), as ûnderdiel fan Cinespace Film Studios.

Fasiliteiten

bewurkje seksje

Mei in totaal oerflak fan 460.000  is Studio Babelsberg it grutste studiokompleks fan Jeropa. De totale studioromte bedraacht 25.000 m².

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn Studio Babelsberg opnommen binne:


Yn Studio Babelsberg binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas de soapsearje Gute Zeiten, schlechte Zeiten (sûnt 1995) en fierder: Schloss Einstein (1998-2007), Großstadtträume (2000), Bianca – Wege zum Glück (2004-2005), Klinikum Berlin Mitte – Leben in Bereitschaft (2002-2003), Tessa – Leben für die Liebe (2005-2006), Wege zum Glück (2005-2008) en Babylon Berlin (2016-2022).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.