De Balleny-eilannen is in string fan fulkanyske eilannen yn de Súdlike Oseaan. De groep bestiet út trije haadeilannen, Young, Buckle en Sturge-eilân. De lytsen binne de Row, Borradaile, Sabrina, en Monolith Eilannen. De Ingelske walfiskfarders John Balleny en Thomas Freeman krigen de eilannekloft yn 1839 yn 't sicht. Freeman wie de earste persoan dy't dêr oan lân gie, op 9 febrewaris 1839. It totale oerflak fan de eilannen is likernôch 780 km², en it heechste punt is de noch net beklommen Brown Pyk (1524 m) op Sturge-eilân.

Lizzing yn de Súdlike Oseaan
Kaart fan de Ballenyeilannen
De Ballenyeilannen en Antarktyske kust op satellytfoto, desimber 2007

De eilannen wurde sûnt 1923 opeaske troch Nij-Seelân as diel fan it Ross-ôfhinklikheidsgebiet.

De eilannen en rotspunten fan noard nei súd:

Eilân/Rots Oerflak (km²) Heechste punt (m)
Young Island en satellyt eilantsjes
Seal Rocks 0.0 (15)
Pillar 0.0 (51)
Youngeilân 225.4 Freeman Peak (1340)
Roweilân 1.7 (183)
Borradaile-eilân 3.5 (381)
Beale Pinnacle 0.0 (61)
Buckle-eilân en satellyt eilantsjes
Buckle-eilân 123.6 (1238)
Scott Cone 0.0 (31)
Eliza Cone 0.0 (67)
Chinstrap 0.0  
Sabrina-eilân 0.2 (90)
De Monolyt 0.1 (79)
Sturge Island
Sturge-eilân 437.4 Brown Peak (Sturge-eilân) (1705[1] of 1524[2])
Balleny Islands 781.8 "|Brown Peak (Sturge Island) (1705)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brown Peak, Composite Gazetteer of Antarctica, Scientific Committee on Antarctic Research. US source.
  2. Brown Peak, Composite Gazetteer of Antarctica, Scientific Committee on Antarctic Research. NZ source.