Barthelomeus Jacobus Schurer

Barthelomeus Jacobus Schurer (Makkingea, 15 april 1792 - Surhústerfean, 9 jannewaris 1888) wie in ûnderwizer en skoalhaad.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy wie in soan fan Jacobus Schurer en Janke Klazes. Yn 1807 waard er skoalmaster yn Gasteren (Anloo) en yn 1808 yn Eeksterfean. Hy boaske yn july 1814 oan Elizabeth Teunis Rinzema (1794-1855); sy krigen 13 bern.

Yn 1812 waard Schurer it earste haad fan de legere skoalle fan Surhústerfean. Hy krige yn 1822 in boek fan de minister, op foarstel fan de skoalopsjenner, foar syn iverigens en krewearjen foar it Onderwijzersgezelschap. By syn 50-jierrich jubileum op 11 nov. 1857 ferklearre er dat er al dy jierren by it ûnderwiis nea siik west hie. Op 1 novimber 1863 krige er earfol ûntslach en ƒ 386 pinsjoenjild. Teffens ûntfong yn 1859 in sulveren medalje fanwege de Kening foar 50 jier trouwe tsjinst.

Schurer stoar yn de âldens fan 95 jier en kaam te hôf yn Surhústerfean.

Op syn grêf yn Surhústerfean stiet:

d' Ontwikkeling der jeugd, wie daar zijn kracht aan wijdt,
Wijdt aan een edel werk zijn vlijt.
De geest, die hier zijn nut eens stichtte,
Leeft voort bij 't nageslacht, dat hij verlichtte.
En ging vol vree en hoop naar zijnen oorsprong weder.
Het stof rust bij zijn vrouw en jongste zoon ter neder.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: