Batavus Fytsmuseum

It Fytsmuseum fan Batavus stiet op it bedriuwsterrein yn It Hearrenfean.

It waard yn 2004 iepene by gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan Batavus. It jout in oersjoch troch de jierren hinne. De samling bestiet út mear as 150 fytsen fan oarsprong oant no. Sa binne der hege fytsen, houten fytsen en rinfytsen. Fierders produkten dy't mei fytsen anneks binne as (piteroalje)lampen en fytspompen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: