Bay Mills Yndianereservaat

(Trochwiisd fan Bay Mills Reservaat)

It Bay Mills Yndianereservaat (Ingelsk: Bay Mills Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa (Bay Mills Indian Community of the Sault Ste. Marie Band of Chippewa). It reservaat leit yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan, yn Chippewa County. It haadkertier is fêstige yn Brimley.

Bay Mills Yndianereservaat
Bay Mills Indian Reservation
polityk
haadplak Brimley (Michigan)
stamme Flagge fan de Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste Marie Troep fan Tsjippewa.png Bay Mills Yndianemienskip
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Michigan.svg Michigan
county Chippewa County
sifers
ynwenners 812 (2000)
oerflak 12,4 km²
bef.tichth. 65,5 / km²
oar
stifting 1937
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.baymills.org

GeografyBewurkje

It Bay Mills Reservaat leit yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan, yn Chippewa County, yn 'e eastpunt fan it skiereilân Opper-Michigan, deunby de grins mei de Kanadeeske provinsje Ontario. It bestiet út ferskate, net opinoar oanslutende perselen lân. It meastepart fan 'e grûn, mei in oerflak fan sa'n 9,7 km², leit yn it eastlike part fan 'e plattelânsdistrikten Bay Mills Township en Superior Township, likernôch 24 km westsúdwestlik fan 'e stêd Sault Ste. Marie en justjes noardwestlik fan it doarp Brimley, dêr't it haadkertier fan 'e Bay Mills Yndianemienskip fêstige is.

 
Yndianereservaten yn Michigan. It Bay Mills Reservaat is werjûn yn read.

In lytser diel fan it reservaat, dat in oerflak fan likernôch 2,7 km² beslacht, leit yn it westen fan it distrikt Sugar Island Township, op Sugar Island, in eilân yn 'e rivier de St. Marys, dy't de grins tusken de Feriene Steaten en Kanada foarmet. Yn totaal hat it Bay Mills Yndianereservaat in oerflak fan 12,41 km². Yn resinte jierren hat de Bay Mills Yndianemienskip troch de oankeap fan ferskate bykommende perselen syn lân útwreidzje kinnen mei nochris 1,7 km². Dy nije perselen wurde lykwols net ta it reservaat rekkene, mar oantsjut as bûtenreservaatsk beheargebiet.

DemografyBewurkje

Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 812 minsken yn it Bay Mills Yndianereservaat. Dêrmei hat it reservaat in befolkingstichtens fan 65,5 minsken de km². De bewenners fan it reservaat meitsje 39,5% fan it totale ledetal fan 'e Bay Mills Yndianemienskip út.

SkiednisBewurkje

It Bay Mills Yndianereservaat waard yn 1937 oprjochte ûnder de regels fêstlein yn 'e Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje fan 1934. It meastepart fan it lân derfoar waard yn 1936 oankocht en by de de oarspronklike Bay Mills Missypost en in lyts gebiet op Sugar Island foege, dat al earder yn it besit fan 'e stamme wie. It oarspronklike grûngebiet út 1937 makket noch altyd fierwei it grutste part fan it Bay Mills Yndianereservaat út.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.