De Beetster Feart is in wetter yn de gemeente Opsterlân. De feart rint fan Beetstersweach nei it suden oant it Alddjip dy't ek wol Keningsdjip neamd wurdt, en trochsnijt dêrby de Walle. It ferlingde fan de Beetster Feart is de Skipsleat.

De namme Beetster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Beetstervaart.