Bekennende Kirche
De Bekennende Kirche (Dútsk foar "belidende tsjerke") wie in protestantske fersetsbeweging yn Nazy-Dútslân. Yn 1933 waarden de protestantske tsjerken twongen harren te ferienjen yn de Dútske Rykstsjerke (Deutsche Reichskirche), of ek wol de Dútske Evangelyske Tsjerke (Deutsche Evangelische Kirche - DEK), yn it ramt fan de lykskeakeling (Gleichschaltung), sa as troch de saneamde Dútske Kristenen foarsteld waard. It nazy-bewâld besocht de beneamings fan de tsjerkekommittee fan de protestantske tsjerken yn Dútslân te behearen.
Yn andert dêrop waard yn septimber fan dat jier de ûndergrûnse Bekennende Kirche oprjochte. Yn 1934 joech in groep foargongers de Ferklearring Fan Barmen út dêr't se Kristus en de Bibel as harren boarnen oanjoegen en bemuoiïng fan de steat ôfwiisden.
Guon lieders fan de Bekennende Kirche, lykas Martin Niemöller en Dietrich Bonhoeffer, waarden opsletten yn konsintraasjekampen. In tal fan harren kamen om it libben. De Bekennende Kirche wie belutsen by in stikmannich foarmen fan ferset, benammen by it ferbergjen fan Joaden.
Eftergrûn
bewurkje seksjeSûnt de Frede fan Augsburg yn 1555 waard ornaris it leauwe oanhongen fan de hearsker fan dat gebiet. Dy regel stiet ek wol bekend as de cuius regio, eius religio (waans gebiet, dy syn religy). De protestantske tsjerke waard dêrom ferdield yn geografyske regio's. Eltse pleatslike tsjerke (Landeskirche - "lânstsjerke") waard finansjeel stipe troch de pleatslike foarst. Der wie dus amper sprake fan skieding tusken tsjerke en steat.
Nei de Earste Wrâldkriich ferskynden der nije lieders op it aljemint. De konservative tsjerkelieders krigen it te krijen mei de sosjalisten. In soad fan harren woene in skieding fan tsjerke en steat. Yn 1918 waard Adolph Hoffmann beneamd ta Prusyske minister fan Underrjocht en Tsjerklike ynstellings. Hy woe in stikmannich nije wetten ynfiere sa as it stopjen fan subsydzjes oan tsjerken fan de oerheid, it yn beslach nimmen fan tsjerklik eigendom, benammen lân en ûnreplik guod, it ôfskaffen fan teology as stúdzje op universiteiten, it ôfskaffen fan it skoalgebed, it opheffen fan religieuze regels op skoallen en tsjerketsjinsten net langer as part fan skoalklassen.
Hoffmann moast lykwols opstappe nei sterk oantrunen fan protestantske en roomsk-katolike kant. Der waard lang om let in oerienkomst sletten. De tsjerken soene net langer status hawwe as steatstsjerken, mar krigen wol de status as publike ynstellings dêr't se noch hieltyd subsydzjes troch ûntfongen. Dus dat late der ta dat der allinnich mar yn namme wat feroare. De tsjerken bleaune pleatslik organisearre, wylst der lanlik in foarum wie, dêr't bygelyks skelen besprutsen en oplost wurde koene.
Nazisme
bewurkje seksjeOanrin
bewurkje seksjeIn soad protestanten stimden by de ferkiezings yn 1932 en 1933 op de NSDAP. De protestantske tsjerken wiisden de ideeën fan it nasjonaalsosjalisme net alhiel ôf. It idee fan in sterke autoriteit en in sterke bân tusken de troan en de tsjerke hiene djippe woartels yn it Dútske protestantisme. Ek mochten in soad protestanten de demokratyske Weimarrepublyk net al te folle lije.
In stikmannich protestanten, lykas Karl Barth en Dietrich Bonhoeffer, makken beswier tsjin de nazys op moreel mêd. Hja hiene swierrichheid mei it idee fan de nazys fan folsleine kontrôle op de minske. Yn it kistendom heart soks allinnich by God.
Dútske Kristenen
bewurkje seksjeYn de protestantske tsjerke wiene de Dútske Kristenen warber. Hja wiene in groep protestanten dy't de ideeën fan de nazys stipen. De groep ûntstie as in andert op de sosjale en poltike spannings oan de ein fan de Earste Wrâldkriich. Der wiene ek in tal oare saken dêr't dy beweging op in soad oanhing ûnder kristenen troch op rekkenje koe. Dat wie bygelyks by it fjouwerhûndertjierrich jubileum fan it begjin fan de reformaasje doe't Marten Luther yn 1517 de 95 stellings buorkundich makke. By dy betinking yn 1917 lei de neidruk op it Dútske nasjonalisme en waard it brûkt om it hearskjende antysemitisme goed te praten. Luther waard oan de ein fan syn libben in foel antysemyt. Oare saken op it aljemint wiene it opkommen en it fannis opkommende omtinken foar folkstradysjes en it sjen litten fan respekt foar it regear oer sa't dat troch Marten Luther op grûn fan de Bibel ferdigene waard[1].
Nei't de nazys yn 1933 oan de macht kamen, stimde it protestantske liederskip yn mei it fêstigjen fan in nasjonale tsjerke, de Dútske Evangelyske Tsjerke (Deutsche Evangelische Kirche - DEK). Dat wie it doel ek fan de Dútske Kristenen. Op 13 novimber 1933 wie der in gearkomste fan de Dútske Kristenen, dêr't in stikmannich útstellen dien waarden:
- It ferwiderjen fan alle predikanten mei beswier tsjin it nasjonaalsosjalisme.
- It útsluten fan alle predikanten mei in Joadske eftergrûn, dy't mooglik yn in aparte tsjerke ûnderbrocht wurde koene.
- It ymplemintearjen fan de Aryske paragraaf yn de tsjerke wrâldwiid.
- It ferwiderjen fan it Alde Testamint út de Bibel wei.
- It ferwiderjen fan net-Dútske eleminten yn de tsjerketsjinsten.
- It oannimmen fan in mear heroyske en positive ynterpretaasje fan Jezus, as immen dy't yn opstân kaam tsjin korrupte Joadske ynfloeden.
De Aryske paragraaf waard yn july 1933 oannommen en dy sleat Joaden, en dyjingen dy't mei in net-Aarjer troud wiene, út. In part fan de tsjerke koe hm dêr net yn fine. Under lieding fan Martin Niemöller ferienigen se yn de Pfarrernotbund. Dy organisaasje waard ynearsten oprjochte om tsjerkeleden mei in Joadske eftergrûn by te stean, mar woeks al rillegau út ta in beweging dy't eltse bemuoiïng fan de nazys oangeande tsjerklike saken ôfwiisde. It beswier wie net alhiel op moreel mêd oanset troch it antysemitisme fan de nazys, dochs mear oer de skieding fan tsjerke en steat en oer de mjitte fan autonomy dy't de tsjerke hawwe moatte soe.
De protestantske tsjerke yn Dútslân telde likernôch 18.000 predikanten. Trijetûzen dêrfan rekkenen har ta de Bekennende Kirche, en trijetûzen ta de Dútske Kristenen. De oare 12.000 hearden ta gjin ien fan dy twa groepen.
Ferklearring fan Barmen
bewurkje seksjeYn maaie 1934 kamen leden fan de Bekennende Kirche byinoar yn Barmen. Dêryn stelden dat hja de wiere Dútske Evangelyske Tsjerke wiene. Ek waard dêr ferklearre dat de Dútske tsjerke gjin orgaan fan de steat wie, en dat de kontrôle fan de steat oer de tsjerke in falske doktrine wie. Fan dat stuit ôf gie de Bekennende Kirche ek fierder as selsstannige tsjerke.
Konfrontaasje
bewurkje seksjeYn 1936 rjochte de Bekennende Kirche har mei in manifest ta Hitler. Yn dat manifest waard der protestearre tsjin antykristlike útspraken, tsjin it antysemitisme en tsjin de bemuoiïng fan it rezjym mei tsjerklike saken. De nazys anderen dêrop troch hûnderten predikanten te arrestearjen, tsjerklike fûnsen yn beslach te nimmen en in ferbod op kolleksjes yn te stellen. Hja martelen Friedrich Weißler ta dea. Weißler wie in protestantske abbekaat mei in Joadske eftergrûn en joech advys by it opstellen fan it manifest. Hy wie it earste deadlike slachtoffer as gefolch fan it skeel tusken de Bekennende Kirche en de nazys.
Martin Niemöller waard yn 1937 arrestearre om't er yn in preek Hitler te foel bekritisearre hie. Hy siet sân jier yn konsintraasjekampen fêst, mar oerlibbe de kriich. Oaren, sa as Dietrich Bonhoeffer, oerlibben it net. In soad tsjerkelieders waarden opsletten en dêrom bleaune in soad leden fan de Bekennende Kirche noedlik foar it rezjym en beane mar in bytsje ferset.
De Bekennende Kirche waard dêrom letter ek gauris bekritisearre om't se te min ferset bean hawwe en te min foar de Joaden dien hawwe.
Neitiids
bewurkje seksjeDe Bekennende Kirche waard troch de nazys ferfolge, dochs bleau yn de kriichsjierren wol bestean, sûnder wichtige lieders. Yn 1945 nei't de Alliearden de Bekennende Kirche as fersetsorganisaasje erkend hiene, setten de lieders harren yn foar de Skuldbekentenis fan Stuttgart op 16 oktober fan dat jier. Dêr waard it grûnwurk lein fan de nije Evangelyske Tsjerke yn Dútslân.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch de:Bekennende Kirche |