Belis fan Dubrovnik

Belis fan Dubrovnik
(ûnderdiel fan 'e Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch)

In gebou yn 'e binnenstêd fan Dubrovnik brânt nei artillerybesjittings troch de belegerjende Joegoslavyske troepen.
datum: 1 oktober 199131 maaie 1992
plak: Dubrovnik
útkomst: Kroätyske oerwinning; belegering mislearre
konfliktpartijen
Kroaasje

Joegoslaavje
Montenegro
befelhawwers
Nojko Marinović
Janko Bobetko

Pavle Strugar
Miodrag Jokić
Momir Bulatović
sterkte
1.000 7.000
ferliezen
194 militêre deaden
82-88 boargerdeaden
16.000 flechtlingen
165 deaden


It Belis fan Dubrovnik (Kroätysk: Opsada Dubrovnika; Servysk: Blokada Dubrovnika) wie de belegering fan 'e Kroätyske stêd Dubrovnik, oan 'e kust fan 'e Adriatyske See. Dit militêr treffen tusken it Kroätyske Leger en it Joegoslavyske Folksleger fûn plak tusken oktober 1991 en maaie 1992 yn it ramt fan 'e Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch. Under it belis waard de histoaryske binnenstêd fan Dubrovnik ûnder fjoer nommen troch Joegoslavysk geskut dat op 'e omlizzende heuvels opsteld wie. Dêrby kamen mear as tachtich boargers om it libben en waard in protte skea oan 'e monumintale gebouwen oanrjochte. Troch sok geweld spile it Belis fan Dubrovnik in wichtige rol yn 'e isolaasje fan 'e Joegoslavyske rompsteat, mei't it derfoar soarge dat de bûtenlânske publike opiny him tsjin 'e Joegoslaven kearde.

Skiednis bewurkje seksje

Tagelyk mei de Fal fan it Izeren Gerdyn, yn 1989-1990, begûn de Sosjalistyske Federative Republyk Joegoslaavje útinoar te fallen. Op 25 juny 1991 ferklearre de Republyk Kroaasje him ûnôfhinklik. Op 1 oktober 1991 begûn it Joegoslavyske Folksleger, dat tsjin dy tiid suver útslutend út etnyske Serven bestie, oan 'e ferovering fan 'e súdlike Dalmatyske kust fan Kroaasje. Tsjin 'e ein fan 'e oktobermoanne wie hast it hiele gebiet tusken de Pelješac- en Prevlaka-skiereilannen troch de Joegoslaven beset, mei as iennichste útsûndering de havenstêd Dubrovnik. Dy waard fan dat stuit ôf oan 'e lânkant belegere troch troepen fan it Joegoslavyske Folksleger, stipe troch de territoriale ferdigeningsmacht fan 'e Joegoslavyske dielrepublyk Montenegro, wylst oan 'e seekant in blokkade ynsteld waard troch de Joegoslavyske Marine.

 
De lokaasje fan Dubrovnik yn Kroaasje.

De artillerybesjittings troch it Joegoslavyske Folksleger fan 'e âlde stêd fan Dubrovnik, dy't op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stie, berikten har hichtepunt op 6 desimber 1991. Sa'n 11.000 gebouwen waarden dêrby ferwuostge of rûnen slimme skea op. It belis resultearre yn 'e dea fan 194 Kroätyske militêren en 82 oant 88 Kroätyske boargers, ûnder wa de dichter Milan Milišić. Oan 'e Joegoslavyske kant foelen yn 'e striid 165 deaden. Likernôch 15.000 Kroätyske boargers út 'e troch it Joegoslavyske Folksleger besette gebieten om Dubrovnik hinne, ûntflechten harren doarpen en sochten in feilich hinnekommen yn 'e stêd. Sa'n 16.000 minsken, foar in grut part deselden, waarden neitiid oer see út Dubrovnik evakuëarre. De stêd waard befoarriede troch flugge lytse boatsjes dy't troch de Joegoslavyske maritime blokkade hinne brieken, en letter troch in konfoai fan net-militêre skippen.

De bombardeminten fan it Joegoslavyske Folksleger lokken skerpe ynternasjonale feroardieling út en ûntjoegen har ta in public relations-ramp foar Servje en Montenegro, doedestiden de lêste dielrepubliken fan it âlde Joegoslaavje. Dat wie net inkeld om't der boargerdeaden foelen of om't ynternasjonaal erkende monuminten besketten waarden, mar ek om't it Joegoslavyske Folksleger mei opsetsin besocht om 'e leden fan 'e brânwacht fan Dubrovnik te deadzjen troch mei tuskenskoften fan in pear oeren deselde gebouwen te besjitten (lykas by de oanfal op it Libertas Hotel, op 6 desimber. De besjittings fan Dubrovnik droegen oan 'e iene kant sterk by oan 'e diplomatike en ekonomyske isolaasje fan Servje en Montenegro, en oan 'e oare kant ek oan 'e ynternasjonale erkenning fan 'e Kroätyske ûnôfhinklikheid.

De súdlike Dalmatyske kust fan Kroaasje waard yn maaie 1992 troch it Kroätyske Leger fan 'e Joegoslavyske besetting befrijd as ûnderdiel fan Operaasje Tiger. Dêrby waard Dubrovnik op 31 maaie ûntset. It Joegoslavyske Folksleger loek him werom oer de grins fan Bosnje-Hertsegovina, dy't op guon plakken op minder as in kilometer ôfstân fan 'e kust leit. Dêr droech it syn swier materieel oer oan it nije Leger fan de Servyske Republyk yn Bosnje-Hertsegovina. Neitiid waarden de Serven fierder tebekdreaun troch in nije Kroätysk offinsyf, dat syn hichtepunt berikte yn 'e Slach by Konavle yn oktober 1992.

Neisleep bewurkje seksje

It Ynternasjonaal Strafhof foar it Eardere Joegoslaavje (ICTY) stelde neitiid fiif persoanen yn steat fan beskuldiging foar de bombardeminten fan Dubrovnik. Dêrby gie it om 'e Servyske presidint Slobodan Milošević (as einferantwurdlike); de generaals Pavle Strugar en Miodrag Jokić (as útfierders fan it belis); kaptein Milan Zec, de stêfsjef fan Strugar; en kaptein Vladimir Kovačević, de kommandant fan it 3e Bataljon fan 'e 472e Motorisearre Brigade fan it Joegoslavyske Folksleger, foar spesifike oarlochsmisdieden dy't benammen te krijen hiene mei de artillerybesjittings en de (minne) behanneling fan Kroätyske kriichsfinzenen yn it Kamp Morinj.

 
Joegoslavyske posysjes mei útsjoch op Dubrovnik (op 'e eftergrûn).

It proses tsjin Milošević waard nea ôfmakke om't er yn 2006 yn finzenskip kaam te ferstjerren. Strugar, dy't yn 2001 oan it strafhof útlevere waard, fersette him tsjin syn berjochting en waard yn 2008 feroardiele ta sân en in heal jier finzenisstraf; hy kaam yn 2009 (mei ôflûk fan foararrest) frij. Jokić, ek yn 2001 útlevere, bekende skuld, en krige sân jier finzenisstraf, dy't er útsiet yn Denemark. Hy kaam frij op 1 septimber 2008.

De oanklachten tsjin Zec waarden yn 2002 ynlutsen. Kovačević, dy't beskuldige waard fan moard, wrede behanneling fan kriichsfinzenen, willensmoedse ferwuostging bûten militêre needsaak om, en skeinings fan it oarlochsrjocht, waard yn 2003 oan it ICTY útlevere. Yn 2004 waard er lykwols frijlitten om't er foarearst geastlik net stabyl genôch achte waard om terjocht te stean. Syn rjochtsferfolging waard oerdroegen oan 'e Servyske autoriteiten, dy't yn 2007 in rjochtsaak tsjin him begûnen, mar der yn maaie 2012 definityf in streek ûnder setten om't er geastlik net ynoarder wie.

Yn 2000 bea de Montenegrynske presidint Milo Ðukanović, dy't ûnder it Belis fan Dubrovnik premier fan Montenegro west hie, formeel syn ferûntskuldigings oan Kroaasje oan foar de Montenegrynske bydrage oan 'e belegering. Dêrmei lokke er lulke reäksjes út fan 'e pro-Servyske Montenegrynske opposysje en fan it regear fan Servje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.