Haadmenu iepenje

Belis fan Haarlim (1572-1573)

Belis fan Haarlim
(ûnderdiel fan 'e Tachtichjierrige Oarloch)
Het beleg van Haarlem in 1572 (Pieter Jansz. Saenredam, 1628).jpg
Werjefte fan it belis
datum: 11 desimber 157213 july 1573
plak: Haarlim (Hollân)
útkomst: ynname fan Haarlim troch de Spanjerts
konfliktpartijen
Prinsenvlag.svg Uny fan Utert Flag of Cross of Burgundy.svg Keninkryk Spanje
befelhawwers
Wigbolt Ripperda
Willem fan Oranje
don Freark
Filips fan Noircarmes
sterkte
2.550 ynfantery (Haarlim)
   225 kavalery (Haarlim)
5.000 ûntsettingsmacht
14.000[1]


ferliezen
2.000 deaden en ferwûnen
   (Haarlim)
700 deaden en ferwûnen
   (ûntsettingsmacht)
5.000 deaden[2]



It Belis fan Haarlim wie in belegering fan 'e Hollânske stêd Haarlim troch Spaanske troepen yn it ramt fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter bekend wurde soe ûnder de namme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch. It belis begûn op 11 desimber 1572 en betearde yn in útputtingsslach, dy't net minder as sân moannen duorre. Nei't in besykjen ta ûntset troch de belegerders yn 'e Slach op de Haarlimmermar dwerseide waard, joegen de úthongere Haarlimmers har op 13 july 1573 einlings en te'n lêsten oer. Trochdat dêrnei tûzenen soldaten en boargers fermoarde waarden, jildt it Belis fan Haarlim as ien fan 'e meast beruchte foarfallen út 'e begjintiid fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, en teffens as ien fan 'e meast beslissende: neitiid joech gjin stêd him mear oer en fochten de opstannelingen troch oant de dea, om't se wisten hokker lot oft harren by oerjefte te wachtsjen stie.

FoarskiednisBewurkje

Yn 1572 wie de Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter bekend wurde soe ûnder de namme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, al fjouwer jier oan 'e gong. De stêd Haarlim, dy't strategysk lei op it ferbiningspunt tusken it Hollânske Noarder- en Suderkertier, wie net botte aktyf by de opstân belutsen. De measte boargers fan 'e stêd wiene moderaat yn har leauwensopfettings, en dêrtroch wie Haarlim yn 1566 ek ûntkomd oan 'e Byldestoarm, dy't fierders yn in grut diel fan 'e Nederlannen húsholden hie.

 
In glês-yn-leadrút út 1980 yn 'e Grutte of Sint-Bavotsjerke, mei in ôfbylding fan it Belis fan Haarlim.

Doe't op 1 april 1572 de Súdhollânske stêd De Bryl troch de wettergeuzen ynnommen waard, skaarde Haarlim him net daliks oan 'e kant fan 'e opstannelingen, sa't guon oare Hollânske stêden wol diene. De measte leden fan it stedsbestjoer wiene net foar in iepen opstân tsjin kening Filips II fan Spanje, dy't de hearskippij oer de Nederlannen urven hie fan syn heit, Karel V. In soad Haarlimmers tochten dêr lykwols oars oer en nei in protte diskusje gie it stedsbestjoer op 4 july úteinlik 'om', en ferklearre Haarlim him foar Willem fan Oranje, de oanfierder fan 'e Nederlânske Opstân. Dyselde stjoerde dêrop in garnizoen nei de stêd, besteande út krapoan 2.800 geuzen en Ingelske, Skotske, Hugenoatske ('Waalske') en Dútske hierlingen, dat ûnder befel pleatst waard fan 'e Grinslânske ealman en ofsier Wigbolt Ripperda.

De Spaanske lânfâd fan 'e Nederlannen, don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva, stjoerde in leger fan sa'n 14.000 man op 'en paad om 'e opstân yn 'e noardlike Nederlannen de kop yn te drukken, dat er ûnder befel pleatste fan syn eigen soan, don Fadrique Álvarez de Toledo, hartoch fan Huescar, dy't yn 'e Nederlânske skiednis better bekend waard as 'don Freark'. De fjildtocht fan don Freark sette op 2 oktober 1572 útein mei de saneamde Spaanske Fuery fan Mechelen, wêrby't de Súdnederlânske stêd Mechelen ynnommen en bloedich plondere waard. Dêrnei folgen de ynname fan Dyst en de werynname fan Roermond, dêr't it der relatyf kalm om en ta gie om't der gjin ferset bean waard.

Op 17 novimber waard yn Gelderlân de stêd Sutfen ynnommen. Hoewol't ek dêr net folle ferset bean waard, wiene dêr ûnder it bewâld fan 'e geuzen de roomske tsjerken en kleasters plondere en fernield. Ut wraak rjochten de troepen fan don Freark dêrom nei de ynname fan 'e stêd it Bloedbad fan Sutfen oan, wêrby't de soldaten mei grutte ûnmeilydsumens tsjin 'e boargerbefolking fanwegen kamen. De earste Hollânske stêd dy't mei de Spaanske metoaden yn 'e kunde kaam, wie Naarden, dat gjin ferset bea, mar dêr't nei de oankomst fan it Spaanske leger op 1 desimber dochs it meastepart fan 'e boargers by it Bloedbad fan Naarden fermoarde waard.

 
Ripperda ropt de Haarlimmers op om net ta te jaan oan 'e Spanjerts.

It stedsbestjoer fan Haarlim stjoerde dêrop in fjouwerkoppich gesantskip nei it op 'e hân fan 'e Spanjerts bleaune Amsterdam ta, om mei don Freark te ûnderhanneljen. Garnizoenskommandant Ripperda wie dêr poer op tsjin, sasear sels dat er it op him naam om 'e leden fan 'e stedswacht gear te roppen en ta te sprekken. Hy wist harren oer te heljen en bleau trou oan de prins. Dêrop waard yn Haarlim de wet ferset (sa't men dat doe neamde): de 'wifkjende' leden fan it stedsbestjoer waarden ôfset en ferfongen troch oranjesinnigen. Doe't de fjouwer ûnderhannelders weromkamen, waarden se foar ferrie feroardiele en as finzenen nei Oranje ta stjoerd. Dyselde deis fûn der yn 'e Grutte of Sint-Bavotsjerke in lytse byldestoarm plak, wêrby't it tsjerkegebou ûntdien waard fan alle roomske symboalen (lykas hilligebylden, krusifiksen en ikoanen).

It belisBewurkje

Troch in flugge opmars stie it Spaanske leger fan don Freark, dêr't trouwens ek in hiel soad Dútsers en Italjanen yn tsjinnen, op 10 desimber foar de sterk achte skâns fan Spaarndam, dy't lykwols deselde deis noch ynnommen waard. Sadwaande koene de Spanjerts op 11 desimber belis foar it 18.000 ynwenners tellende Haarlim slaan. Dat wie doedestiden in swakke stêd, want men hie de fêstingwurken withoelang fertutearzje litten. De stêd waard omjûn troch in âlderwetse stedsmuorre út 'e fyftjinde iuw, dy't fan nul en gjinderlei wearde wie tsjin kanonnefjoer, en dêrom mei tûzen hasten fuortsterke wie troch dêrtsjinoan ierden wâlen op te smiten.

Willem fan Oranje stjoerde mei dêrom daliks in ûntsettingsleger fan 4.000 geuzen ûnder lieding fan Willem fan Lumey, hear fan der Mark, mar dat waard troch de Spanjerts yn 'e Slach by De Hout hielendal útinoarslein. Hoewol't net de hiele krite om Haarlim hinne ûnder wetter set wurde koe, hie de stêd wol ien grut foardiel: om't it deunby de noardkust fan 'e Haarlimmermar lei, wie it foar de belegerders dreech om 'e stêd folslein fan 'e bûtenwrâld ôf te sluten, wat betsjutte dat Haarlim oer it wetter befoarriede wurde koe.

 
Kenau Simonsdochter Hasselaer, in widdo dy't neffens de leginde in wichtige rol spile hawwe soe by de ferdigening fan Haarlim.

Foarôfgeande oan it belis waard troch wache stedsbestjoerders ferhindere dat de stedspoarten fan binnenút foar de fijân iepene wurde koene. In wike nei it begjin fan 'e belegering begûnen de Spanjerts de wâlen oan 'e noardkant fan 'e stêd mei kanonnen te besjitten, en op 19 desimber, acht dagen nei it begjin fan it belis, weagen se al in bestoarming. Dat wie fierstente betiid, mar don Freark wist dat der yn 'e stêd in wetsfersetting nedich west hie om in direkte oerjefte foar te kommen, en de gedachte dat de Haarlimmers net botte happich op in militêre konfrontaasje wiene, hie him nei alle gedachten oermoedich makke. Hoe dan ek, de bestoarming waard ôfslein mei swiere ferliezen foar de oanfallers, dy't 150 deaden te betreurjen hiene, tsjin mar 2 by de ferdigeners. By de gefjochten stoarten de Sint-Janspoarte en de Krúspoarte yn. De stedswâl tusken de Sint-Janspoarte en de Cathelijnebrêge rekke sa skansearre dat dy suver hielendal werboud wurde moast.

Neffens it ferhaal soe dêrby de Haarlimmer widdo Kenau Simonsdochter Hasselaer in wichtige rol spile hawwe. Hja soe nammentlik in legerke fan 300 froulju oanfierd hawwe, dy't de Spaanske soldaten oergeaten mei siedende pik. De measte moderne histoarisy beskôgje de ferhalen oer Kenau as lettere optinksels, en binne fan miening dat se inkeld by de ferdigening fan 'e stêd belutsen wie troch finansjele en materiële stipe te jaan (se wie de eigneresse fan in skipswerf), en troch, krekt as de oare froulike ynwenners, mei fysike ynset te helpen by it graafwurk om 'e stedswâlen te fersterkjen.

 
Wigbolt Ripperda, de kommandant fan it oranjesinnige garnizoen fan Haarlim.

Nei de misleare bestoarming smiet don Freark it oer in oare boech, en besleat er de stêd út te hongerjen. It wie yn 'e Renêssânse net gebrûklik om winterdeis troch te gean mei in fjildtocht. Oer it algemien kearden de soldaten dan werom nei harren winterkertieren om dêr de maityd ôf te wachtsjen. Mar foar don Freark en syn heit, de hartoch fan Alva, wie de ynname fan Haarlim fan krúsjaal belang, mei't se dêrmei it gebiet fan 'e opstannelingen midstwa spjalte koene. De winter fan 1572 op 1573 wie lykwols tige strang, wat it foar de opstannelingen maklik makke om Haarlim te befoarriedzjen fan 'e Haarlimmermar ôf, oer it iis fan greiden dy't derûnder strûpt wiene. Underwilens stiene de Spaanske troepen, dy't frijwol yn 'e iepen loft kampearren, bleat oan it winterwaar en wiene se twongen om yn ellindige omstannichheden te libjen, dy't foar folle mear deaden soargen as de eigentlike gefjochten. De Spanjerts groeven twa tunnels om ûnder de stedswâlen te kommen en dy ynsakje te litten, en de ferdigeners groeven tunnels om 'e Spaanske tunnels opblaze te kinnen.

Doe't it maityd waard, boaze de sitewaasje foar de Haarlimmers oan. In float út it oan 'e kening fan Spanje trou bleaune Amsterdam besette de Haarlimmermar en blokkearre sa befoarrieding oer it wetter. Dêrtroch groeide de honger yn Haarlim, oant de boargers op 't lêst sels gers ieten. In besykjen fan 'e wettergeuzen fan bûten de sted, ûnder admiraal Marinus Brandt, om 'e blokkade te trochbrekken, mislearre op 26 maaie yn 'e Slach op de Haarlimmermar. Doe't de Spanjerts harren oerwinning fierden troch de ôfhoude holle fan ien fan 'e wettergeuzen oer de stedswâlen te smiten, waarden op 27 maaie yn 'e stêd alve spaansksinnige finzenen út it tichthûs helle en troch in razende kliber folk lyncht, wêrnei't harren hollen nei de belegerders weromgoaid waarden. Op 8 july besocht Oranje noch in lêste kear om Haarlim te ûntsetten, mar syn leger fan 5.000 man waard troch de Spanjerts by It Manpaad tsjinkeard en ferslein, wêrby't de oanfierder, Willem fan Bronkhorst, hear fan Batenburch, kaam te sneuveljen.

De oerjefteBewurkje

Dêrnei joegen de úthongere en útputte Haarlimmers de striid op. Der waarden ûnderhannelings iepene mei don Freark, dy't resultearren yn 'e oerjefte fan Haarlim op 13 july 1573, mear as sân moannen nei it begjin fan it belis. Yn dy tiid wie it wizânsje dat de belegerjende soldaten nei de oerjefte in stêd plonderje mochten, wat tagelyk ek in frijbrief wie foar moard en ferkrêfting. Dat lot kocht Haarlim foar in bedrach fan 240.000 goudgûnen ôf.

 
Stânrjochtlike eksekúsjes, útfierd troch de Spanjerts nei de oerjefte fan Haarlim.

Der waard yndie net plondere, mar 1.700 leden fan it garnizoen, foar it meastepart geuzen, Ingelsen, Skotten en Hugenoaten, waarden nei de oerjefte stânrjochtlik eksekutearre. Under harren wie ek geuzelieder Lânselot fan Brederode en de ûnfersetlike kommandant Wigbolt Ripperda, dy't op 16 july ûnthalze waard. Allinnich de measte Dútske leden fan it garnizoen ûntkamen oan 'e dea, om't se yn beskerming nommen waarden troch Dútske ofsieren yn it Spaanske leger. Nei't de boalen harren bilen fan wurgens net mear optille koene om noch mear finzenen te ûnthalzjen, waarden de soldaten fan it garnizoen mei de rêgen nei-inoar ta oaninoar bûn en sa yn it Spaarne smiten. Ek 300 oranjesinnige boargers fan Haarlim waarden op dy manear ferdronken.

Betsjutting en neisleepBewurkje

Hoewol't it Belis fan Haarlim foar de Nederlânske Opstân op in nederlaach útdraaide, wie it foar de Spanjerts in pyrrusoerwinning. Don Freark hie sân moannen dwaande west om 'e swakste stêd fan Hollân te feroverjen. Dêrby wied er, benammen troch ûntbearings yn 'e winter, 5.000 man kwytrekke, wêrûnder 800 fan 'e bêste Spaanske soldaten. Dat joech de oare opstannige stêden moed, en boppedat hiene se sjoen wat der barde doe't Haarlim him oerjoech. Nettsjinsteande alle ûnthjitten wiene garnizoen en foaroansteande boargers fermoarde. Neitiid joech gjin stêd him mear oer, om't men wist wat dan jins lot wurde soe.

Nettsjinsteande dat alles, hiene de Spanjerts oan 'e Opstân dochs in gefoelige psychologyske klap tabrocht. Don Freark sels hie no hope dat er nei it foarbyld fan Haarlim de oare opstannige Hollânske stêden dochs noch flot weromwinne koe. Dat foel lykwols ôf. Earst waard er troch syn eigen rebelske troepen opholden, dy't no wolris soldij ûntfange woene, en doe't dy opskuor delbêde wie, die bliken dat Alkmar, de folgjende te belegerjen stêd, in stik dreger yn 'e pine te setten wie as Haarlim. Op 8 oktober, doe't de Spaanske kampeminten derûnder strûpten om't om Alkmar hinne de diken trochstutsen wiene, en mei in twadde winter yn 'e rinfuorgen om in stêd hinne yn it foarútsjoch, joech don Freark it oer. Hy liet it Belis fan Alkmar opbrekke en loek him werom op Amsterdam. En sa begûn by Alkmar de fiktoary.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aanval op Haarlem Mislukt, yn: Kroniek van Nederland, Amsterdam, 1987 (Agon), ISBN 9 0515 70 848, s. 290.
  2. Haarlem Uitgeput ten Onder, yn: Kroniek van Nederland, Amsterdam, 1987 (Agon), ISBN 9 0515 70 848, s. 291.

  • Beheinde skiednis fan Haarlim op 'e webside fan HaarlemMarketing.
  • Allan, F., en Brederode, J.J. van, Geschiedenis en Beschrijfing van Haarlem, van de Vroegste Tijden tot op Onze Dagen, Haarlim , 1874, gjin ISBN.
  • ――, Kroniek van Nederland, Amsterdam, 1987 (Agon), ISBN 9 0515 70 848.
  • Ree-Scholtens, G.F. van der, Deugd boven Geweld: Een Geschiedenis van Haarlem, 1245-1995, Hilfertsom, 1995 (Uitgeverij Verloren), ISBN 9 06 55 05 040.
  • Witt Huberts, F. de, Het Beleg van Haarlem: Haarlems Heldenstrijd in Beeld en Woord, 1944 (Oceanus), gjin ISBN.