Belladonna (pornografysk aktrise)

Belladonna, echte namme: Michelle Anne Sinclair (Biloxi (Mississippy), 21 maaie 1981), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't no wurksum is as pornoregisseur en -produsinte. Hja is fan mingd Dútsk-Skotsk-Sjeroky-komôf, mei in lingte fan 1.63 m en in gewicht fan 58 kg. Belladonna hat seis tatoeaazjes en natuerlike boarsten.

Belladonna
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Anne Sinclair
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 maaie 1981
berteplak Biloxi (Mississippy)
etnisiteit Dútsk
Skotsk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 20002007 & 20082012
offisjele webside
www.enterbelladonna.com

Belladonna waard berne yn Biloxi, in stêd yn it suden fan 'e steat Mississippy, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Mar mei't har heit in loftmachtofsier wie en gauris oerpleatst waard, brocht se har jonkheid troch op in grut tal ûnderskate lokaasjes. Hja wie de twadde yn in strang kristlik, mormoansk gesin mei sân bern, en har heit wie, nei't er ôfswaaid wie, in biskop fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. Belladonna wie lykwols in dwers bern; yn 2003 fertelde se yn in fraachpetear dat se foar it earst tute waard op har tolfde, har earste tatoeaazje sette liet op har trettjinde, ûntfamme waard op har fjirtjinde en foar it earst anale seks hie op har sechstjinde. Belladonna makke de middelbere skoalle net ôf en gie út 'e hûs doe't se fyftjin jier wie. Dêrnei wurke se yn in nachtwinkel (7-11), in linzjerysaak (Victoria's Secret), in warehûs (Sears) en in restaurant (Subway).

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Op har achttjinde, yn 1999, sette se útein mei op te treden yn in stripklub yn Salt Lake City, de haadstêd fan 'e steat Utah. Fia in freondinne kaam hja in pear moanne letter, yn 2000, yn kontakt mei in agint út 'e pornoyndustry. Se ferfear nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se earst noch as model posearre foar neakenblêden, mar al rillegau har debút makke yn har earste pornografyske film, mei de titel Real Sex Magazine, wêrby't se daliks al anale seks hie. Foar har pornokarriêre naam se de skûlnamme "Belladonna" oan, "Bella" nei in freondinne dy't se kennen hie yn Utah, en it efterheaksel "-donna", op advys fan in agint, dy't har fertelde dat bella donna Italjaansk is foar "kreaze frou".

 
Belladonna yn 2009.

Yn har earste films gie Belladonna daliks al hiel fier, net inkeld mei anale seks, dêr't yn 'e pornoyndustry eins nimmen fan opsjocht (al is it net gebrûklik dat men dêr yn jins earste film al oan docht), mar ek mei skatologyske pornografy (mei urine), dat yn 'e pornowrâld wol deeglik as tige ekstreem beskôge wurdt. Oare iere films fan Belladonna befetten bgl. in gangbang mei tolve manlike akteurs yn in tichthúsdekôr en s.m.- en bondaazjesênes. Jierren letter, yn 2007, brocht se yn in fraachpetear mei it pleatslike blêd City Weekly út Salt Lake City har spyt ta útdrukking om beskate aspekten fan har iere pornokarriêre, yn it bysûnder har beruchtens om it dwaan fan dingen dy't yn 'e fermiddens fan 'e pornoyndustry as oer de grinzen hinne geand of sels as taboe beskôge wurde. Se neamde dat in fersin en wiet it oan in brekme oan begelieding troch pornoaktrises mei mear ûnderfining, al sei se mei klam dat se de ferantwurding foar har eigen beslissings naam en dat se nea troch immen earne ta twongen wie.

Yn 2002 krige Belladonna bekendheid troch har rol yn 'e bondaazje- en s.m.-film The Fashionistas fan regisseur John Stagliano, dy't teffens de eigner is fan Evil Angel, ien fan 'e wichtichste Amerikaanske pornografyske filmstudio's. Belladonna hat ek wurke mei ferneamde pornoregisseurs as Nacho Vidal, Jules Jordan en Rocco Siffredi. Yn totaal hat se yn 310 pornofilms spile. Fan 2003 ôf wie se ek sels aktyf as regisseur; oant 2013 hie se 87 films regissearre. Mei sawol har aktearwurk as har rezjy hat se yn totaal net minder as 13 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se grossiert yn nominaasje: 51 stiks. Boppedat is se yn 2011 opnommen yn 'e AVN Hall of Fame.

Hoewol't se yn 2012 (nei in earder tydlik úttreden yn 2007-2008) definityf in ein breide oan har karriêre as aktrise, bleau se efter de skermen wol as regisseur by de pornoyndustry belutsen. Boppedat produsearret se al in oantal jierren har eigen films ûnder de labels Belladonna Entertainment en Deadly Nightshade Productions (de deadly nightshade, Ned.: zwarte nachtschade, Frysk: hûnebei, is in giftige plantesoart dy't besibbe is oan 'e belladonna en ek oan 'e tomaat en de ierappel). Dêrby wurket se nau gear mei Evil Angel, dat ek de distribúsje fan har films docht. Har films wurde yn 'e regel ta it subsjenre fan 'e gonzo-pornografy rekkene.

Mainstream-karriêre

bewurkje seksje
 
Belladonna yn 2010.

Njonken har pornokarriêre hat Belladonna ferskate kearen te sjen west yn 'e realitytillevyzjsearje Family Business, dy't it libben fan pornoprodusint, -regisseur en -akteur Seymore Butts (echte namme: Adam Glasser) portrettearre. Yn 2004 wie Belladonna fierders ien fan in stikmannich pornostjerren dy't foar fotograaf Timothy Greenfield-Sanders posearren foar in "kofjetafelboek" oer de pornoyndustry, mei as titel: XXX: 30 Porn-Star Portraits. Se wurke ek mei oan 'e dokumintêre Thinking XXX, fan 'e tillefyzjestjoerder HBO, oer it ta stân kommen fan dat boek. Yn 2010 spile se yn 'e horrorfilm Stripped, en teffens stie se op 'e omslach fan 'e cd Reckless & Relentless fan 'e Britske metalcore-band Asking Alexandria, wylst se letter ek figurearre yn 'e koarte film Through Sin and Self-destruction fan dyselde band.

Fierders wie Belladonna yn 2003 it ûnderwerp fan in opsjochjaande reportaazje fan 'e Amerikaanske tillefyzjesjoernaliste Diane Sawyer, dy't as titel hie: Young Girls, Porn and Profits: Corporate America's Secret Affair ("Jonge Famkes, Porno en Winstmarzjes: De Geheime Relaasje fan 'e Amerikaanske Sakewrâld"). Dy reportaazje waard útstjoerd troch de stjoerder ABC, as ûnderdiel fan it programma Primetime Thursday, en bea in tige ûnflaaikjend byld fan 'e pornoyndustry, wylst Belladonna sels as in slachtoffer delset waard. Har fraachpetear mei Diane Sawyer waard neitiid troch de Amerikaanske anty-pornografybeweging oanhelle as bewiis fan 'e bewearde misstannen yn 'e pornowrâld. Belladonna sei letter dat se net botte ynnommen wie mei it resultaat fan har ynterview, en hold út dat der yn it materiaal knipt wie om 'e konklúzje te skoarjen dy't Sawyer-en-dy yn 't foar al lutsen hiene. Ek sei se dat se mei gragens it híéle fraachpetear nochris útstjoerd hawwe woe.

Priveelibben

bewurkje seksje

Belladonna hat ferloofd west mei kollega-pornoakteur en -regisseur Nacho Vidal, mar op 11 april 2004 troude se yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada, mei Aiden Kelly, dy't tegearre mei har Belladonna Entertainment en Deadly Nightshade Productions runt. Hja hawwe in dochter, Myla Kelly, dy't berne is op 11 jannewaris 2005. Neffens in fraachpetear út 2007 binne Belladonna har hobbys pilates, yoga, túnkjen, films sjen, fideospultsjes dwaan, reizgjen en mei har akwaria ompiele.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2003 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (film) (mei Mark Ashley en Billy Glide) The Fashionistas
nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Lexington Steele) Up Your Ass 19
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste opfiering fan in striptiis The Fashionistas
wûn bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Taylor St. Clair) The Fashionistas
wûn bêste orale sekssêne (film) (mei Rocco Siffredi) The Fashionistas
wûn bêste byrol fan in aktrise The Fashionistas
FICEB Ninfa Award wûn bêste aktrise The Fashionistas
XRCO Award wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Taylor St. Clair) The Fashionistas
wûn bêste aktrise The Fashionistas
wûn artyste fan it jier n.f.t.
wûn orgastysk analiste n.f.t.
2004 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Sarah O'Neil, Daniella Schiffer en Nacho Vidal) Rocco: Animal Trainer 10
nominearre bêste orale sekssêne (mei Nacho Vidal) Back 2 Evil
nominearre bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Anal Trainer 4
nominearre bêste triosekssêne f/m/m (mei Tyce Bune en Joel Lawrence) New Wave Hookers 7
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Dee en Billy Glide) Latin Amore
nominearre skandalichste sekssêne (mei Carol en Nacho Vidal) She-Male Domination Nation
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei Nacho Vidal) Back 2 Evil
XRCO Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Nachol Vidal) Back 2 Evil
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre orgastysk analiste n.f.t.
2005 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Catalina) The ConnASSeur
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Jenna Jameson) Bella Loves Jenna
nominearre bêste anale sekssêne (mei Nacho Vidal) Bella Loves Jenna
wûn bêste fideopublikaasje Bella Loves Jenna
XRCO Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Jenna Jameson) Bella Loves Jenna
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Nacho Vidal) Bella Loves Jenna
nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
2006 FAME Award nominearre leaflingskont n.f.t.
nominearre favorite pornoaktrise n.f.t.
FICEB Ninfa Award wûn spesjale sjuerypriis (Ninfa Especial del Jurado) n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Chloe Dior) Belladonna: No Warning
nominearre bêste aktrise (fideo) Fashionistas Safado: The Challenge
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre regisseur fan it jier jieroeuvre
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei 19 oaren) Fashionistas Safado: The Challenge
FAME Award nominearre favorite froulike stjer n.f.t.
nominearre favorite anale stjer n.f.t.
nominearre leaflingskont n.f.t.
wûn stoutst famke yn 'e pornowrâld n.f.t.
XRCO Award wûn bêste solo-optreden fan in aktrise Fashionistas Safado: The Challenge
2008 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Butthole Whores
nominearre bêste orale sekssêne (fideo) I Dream of Jenna 2
nominearre bêste orale sekssêne (fideo) Fashionistas Safado: Berlin
nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Naomi Russell) Belladonna's Fucking Girls 4
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Tony T.) Belladonna: Manhandled 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jenna Jameson, Cindy Crawford, Nikita Denise, Allura Eden, Aurora Snow en T.T. Boy) Janine Loves Jenna
nominearre skandalichste sekssêne (mei Claire Adams) Belladonna: Fetish Fanatics 5
nominearre regisseur fan it jier jieroeuvre
wûn bêste regisseur (non-feature) Belladonna: Manhandled 2
FAME Award nominearre favorite froulike artyste n.f.t.
nominearre leaflingskont n.f.t.
nominearre favorite regisseur n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastyske oraliste n.f.t.
nominearre bêste regisseur (non-feature) n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Lexi Belle) Belladonna's Fucking Girls 6
nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Katsuni en Stoya) Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre bêste orale sekssêne Odd Jobs 3
nominearre bêste anale sekssêne (mei Steve Holmes) Butthole Whores 2
nominearre bêste triosekssêne (mei Brianna Love en Mr. Pete) Cock Pigs
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Sasha Grey en Evan Stone) Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste regisseur (non-feature) Discovering Alexis Texas
nominearre regisseur fan it jier jieroeuvre
wûn bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jesse Jane) Pirates II: Stagnetti's Revenge
wûn bêste lesbyske triosekssêne (mei Kimberly Kane en Aiden Starr) Girl Train
wûn bêste byrol fan in aktrise Pirates II: Stagnetti's Revenge
wûn bêste fuotfetisjistyske film Belladonna's Foot Soldiers
Xbiz Award wûn bêste regisseur jieroeuvre
XRCO Award nominearre bêst klikkende gearwurking op it skerm (mei Jesse Jane) Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre superslet n.f.t.
nominearre bêste regisseur (non-feature) n.f.t.
wûn orgastysk oraliste n.f.t.
wûn orgastysk analiste n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Belladonna: Fetish Fanatic 7
nominearre bêste solosekssêne Evil Pink 4
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei 9 oaren) Party of Feet
nominearre bêste anale sekssêne (mei James Deen) Butthole Whores 3
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Rico Strong en Prince Yahshua) Dark Meat 3
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
nominearre regisseur fan it jier jieroeuvre
XRCO Award nominearre superslet n.f.t.
nominearre bêste regisseur (non-feature) n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Belladonna Live
nominearre bêste groepsekssêne (mei 8 oaren) The Devil in Miss Jones: The Resurrection
nominearre skandalichste sekssêne (mei 9 oaren) Party of Feet 2
nominearre bêste webside fan in pornostjer (foar EnterBelladonna.com) n.f.t.
nominearre bêste regisseur (non-feature) (mei Aiden Riley) Carbon Girl
nominearre bêste fisazjy Carbon Girl
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Whores on the 14th
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Sinn Sage en Sarah Shevon) Belladonna: The Sexual Explorer
nominearre bêste groepsekssêne (mei Kimbery Kane, Jamey Janes, John Strong, Rico Strong en Mark Wood) Spontaneass
wûn bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Dana DeArmond) Belladonna: The Sexual Explorer
2013 AVN Award wûn bêste edukative publikaasje Belladonna's How to: Fuck!
2014 AVN Award wûn bêste lesbyske filmrige Belladonna: No Warning

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.