Belle du Seigneur

Belle du Seigneur (Frânsk, betsjut soks as "De skientme fan 'e Hear") is in roman fan de Switserske skriuwer Albert Cohen (1895-1981) út 1968, útjûn troch Gallimard yn Parys en krige yn itselde jier de Grand Prix du Roman fan de Académie française.

Omkaft fan de earste printinge.

De roman draait om de twa haadpersoanen Solal des Solal, in Sefardyske ûndersekretaris by it Folkebûn yn Genève, en Ariane d'Auble, de dochter fan in protestantske patrysjersfamylje út Genève. De held fan de roman wurdt berne op it Grykske eilân Korfû en fêstiget him letter yn Frankryk foardat er fan de jierren 1920 ôf foar it krekt oprjochte Folkebûn yn Genève wurkje sil, wylst Ariane d'Auble út it begoedige kalvinistysk fermidden yn Genêve komt en in iensum libben liedt as húsfrou fan in Belgyske kollega, Solal des Solal, yn in elegante filla by Genève.

De wichtichste motiven fan de roman binne de bûtenechtlike leafdesaffêre tusken de twa haadpersoanen en detaillearre miljeustúdzjes oer Genève yn de jierren 1930, de opkomst fan totalitêre regimes yn Europa en it Joadske libben op it kontinint foar de Holocaust.

Belle du Seigneur waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.