Benediktynsk kleaster Sankt Johann

It Kleaster Sankt Johann (Retoromaansk: Claustra Son Jon; Dútsk: Kloster St. Johann) is in benediktynsk kleaster yn Müstair yn it Münsterdal yn it Switserske kanton Graubünden. It is in tige goed bewarre bleaun midskiuwsk kleaster út de Karolingyske tiid en is yn 1983 oan de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO tafoege.

Benediktynsk kleaster Sankt Johan

Claustra Son Jon Benediktinerinnenkloster St. Johann

bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Graubünden
plak Müstair
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Fanôf de 8e iuw
offisjele webside
Side Sankt Johann

Patroanhilligen bewurkje seksje

De kleastertsjerke is oan Jehannes de Doper wijd. De Hillichkrúskapel (Heiligkreuzkapelle), mooglik in priveekapel fan de abt, tsjinne ta de ferearing fan it Wiere Krús. In noch oare kapel draacht it patrocinium fan Sint-Ulrich en Sint-Nikolaas.

 
Byld Karel de Grutte

Skiednis bewurkje seksje

Neffens de oerlevering is it kleaster stifte troch Karel de Grutte. Syn libbensgrutte byld út de midsiuwen stiet yn de kleastertsjerke tusken de middelste en súdlike apsis. It waard yn de tiid fan de karolingyske feroverings fan de gebieten fan de Longobarden (774) en de Bajuwaren (778) oprjochte. It âldste hout fan de tsjerke datearret neffens dendrogronologysk ûndersyk út likernôch 775, in jier nei de ferovering fan Lombardije.

Foar de keizer hie it kleaster in strategytske betsjutting foar de kontrole fan de inoar krusende ferkearspaden. Dêrnjonken tsjinne it foar reizgers en pylgers as ûnderkommen, foar de biskop as bestjoerssit en fansels as plak fan godsfruchtich libben. Alhoewol't it kleaster ferneamd waard nei Jehannes de Doper, waard it gewoanwei as Monasterium oantsjut, dêr't de hjoeddeiske retoromaanske namme Müstair fan ôflaat is. Oarspronklik wie it in kleaster foar muontsen, mar sûnt de 12e iuw is it in konvint fan nonnen.

Bouskiednis bewurkje seksje

 
Koer

Oan de yngong fan it tsjerkhôf stiet de twa ferdjippings tellende Hillich Krúskapel. It koer ûntstie yn de 8e iuw, dat troch de dendrogronologyske datearing fan de noch dragende flierbalken fan de boppeferdjipping fêststeld wurde koe. Dêrmei is it balkenplafond it âldste fan Jeropa. De benedenferdjipping tsjinne eartiids as bientsjekou, wylst de boppeferdjipping nei alle gedachten de romte wie om de deaden te betinken.

Sintraal yn it kompleks stiet de fan oarsprong karolingyske kleastertsjerke. De tsjerke waard yn 775 ynearsten as ienfâldige sealtsjerke mei trije apsissen en in flak balkenplafond boud. De muorren waarden mei fresko's beskildere. It ferhege koer waard mei in moarmeren hek fan de tsjerkeromte skieden. Trije finsters yn de apsissen, trije westlike finsters en twa heechlizzende finsters yn it skip fan de tsjerke moasten de romte ferljochtsje.

Oan it haadskip waard oan de noardlike en súdlike kant in leger sydskip tafoege, dy't elk in eigen, fan de tsjerkeromte ofskieden apsis hiene. Sadwaande krige de tsjerke in hast fjouwerkante plattegrûn mei fiif apsissen. Oan de eastlike kant is noch de bounaad te sjen, dy't de oarspronklike hichte fan it dak oanjout en dêr't letter it hoeddeiske goatyske dak oerhinne boud waard.

 
Flecht nei Egypte

Op in beskaat stuit waarden de karolingyske fresko's yn de tsjerke oerkalke. Yn 1492 waard in goatyske netferwulft likernôch in meter leger as it houten plafond ynbrocht, sadat in diel fan de fresko's achter it muorrewurk fan if ferwulft skûl giet. De ynbou fan in ferwulft makke ek dragende pylders nedich. Sa waard de oarspronklike sealtsjerke in trijeskippige halletsjerke. De fresko's waarden yn 1947 wer ûntdutsen en oant 1951 bleatlein.

Fresko's bewurkje seksje

De fresko's foarmje wat skaal en keunstsinnichheid oanbelanget in unyk ier-midsiuwsk monumint. De 135 ôfsûnderlike foarstellings bleaune, nettsjinsteande it ferskate kearen oerkalkjen, goed bewarre oant se yn de 19e iuw op 'e nij ûntdutsen waarden. In foarstelling út it libben fan kening David, dy't as in oaninoar sletten stripferhaal om de hiele tsjerke gyng, waard yn 1908-1909 ferwidere en nei it Schweizerische Landesmuseum yn Zürich oerbrocht. De oare fresko's waarden yn de jierren 1947 oant 1951 tefoarskyn helle.

Ien fan de bekendste foarstellings is de Flecht nei Egypte. Trije oare foarstellings yn de apsissen litte Kristus sjen as stifter fan de Tsjerke, hearsker, learaar en oerwinner. In oar fresko (romaansk, (± 1200)) yn de middelste apsis stelt it Miel fan Herodes foar; te sjen is ûnder oaren de dûnsjende Salomé dy't de holle fan Jehannes, de patroanhillige fan de tsjerke, oanrikket.

De ûnbekende skilder fan de karolingyske fresko's wurdt yn de keunstskiednis fakentiden as de "Master fan Müstair" oantsjut.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Benediktinerinnenkloster St. Johann