Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 8
Snits is ien fan de Alve Stêden, de stêd leit yn Súdwest-Fryslân tichtby de Snitser Mar en is bekend troch syn grêftsjes, de Snitser Wetterpoarte (symboal fan de stêd) en de wettersport (Snitswike). Der wenje sa'n 33.000 minsken en de stêd hat in sintrumfunksje foar súdwest-Fryslân (de Súdwesthoeke).
Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokuminten Magna Fossa, Grut Kanaal, neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan de Himpolder Skerhim krúst. De farwei nei it noarden (Geau, Snitser Aldfeart) wie needsaaklik wurden omdat de Middelsee troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âlde himdyk komt Snits oan de westkante binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes.