Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 11
De Foenysjers of Fenysjers wienen eartiids de ynwenners fan Foenysje, in streek yn it Midden-Easten dat sawat oerienkaam mei it tsjintwurdige Libanon. De oarsprong fan de Foenysjers is ûndúdlik, mar nei alle gedachten wienen sy in gearsmelting fan nomaden út it neistlizzende Kanaän mei de kustbewenners. Nei de delgong fan de Minoyske beskaving, waarden de Foenysjers tusken 1500 en 400 f.Kr. de wichtichste seefarders en hannelers fan de Middellânske See. Oeral by de kust del waarden troch har koloanjes stifte, dêr't Kartago de wichtichste fan wie.