Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 28
De Bagavad Gita of Bhagavad Gita, yn it oarspronklike Sanskryt: श्रीमद् भगवद् गीता, Śrīmad Bhagavad Gītā (útspr.: /ˈɕɽimad̪ ˈbʱəɡəʋəd̪ ɡi:ˈt̪a:/; letterlik: "Liet fan 'e Hear"), is in sang fan 700 fersen dy't ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it hindoeïsme foarmet. It makket ûnderdiel út fan it Mahābhārata, ien fan 'e beide grutte hindoeïstyske epyske gedichten. De Bagavad Gita wurdt yn 'e regel datearre tusken de fyfde en de twadde iuw f.Kr., en hat de foarm fan in lang petear fan 'e Pandava-prins Arjuna mei syn geastlike liedsman, de godheid Krṣna, oer in ferskaat fan teologyske en filosofyske kwestjes. De Fryske oersetting fan Eric Hoekstra kaam út yn 2012.