Berjocht:Tema:Skiednis/Side fan de moanne

Siden fan de moanne bewurkje seksje

Jannewaris

Jeanne d'Arc ôfbylde yn in manuskript

Jeanne d'Arc (14121431) waard ek de Faam fan Orleans neamd, is in nasjonale heldinne fan Frankryk. Sy waard berne yn de Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. Ingelân besette mei help fan bûnsmaten, de Boergonjers, it noarden fan it lân. Jeanne wie in ienfâldich boerefamke dy't laat troch 'stimmen' fielde, doe't se 16 jier âld wie, dat sy roppen waard Frankryk te rêden en de passive dauphin ta kening te kroanen. Sy slagge deryn it befel te krijen oer in legerke ... Lês mear ...
besjen


Febrewaris

Leonardo da Vinci's Vitruvyske Minsk.

De Renêssânse (letterlik werberte) wie yn de skiednis fan Jeropa in tiidrek fan it opbloeien fan keunst, wittenskip en letterkunde dy't har grûnslach hie yn de werberte fan de ferwurvenheden fan de Klassike Aldheid. De Renêssânse begûn yn Itaalje yn de 13e of 14e iuw en fersprate him ...

Lês mear ...


besjen


Maart

Hadrianus (76 - 138) wie in keizer fan it Romeinske Ryk fan 117 oant 138 en de tredde fan de adoptyfkeizers. Hy stie bekend as de reizgjende keizer en ûnder syn bewâld waarden der yn it hiele ryk in protte grutte wurken útfierd, lykas de bou fan de muorre fan Hadrianus yn Ingelân en it Panteon yn Rome. Hy waard nei de dea fan syn heit grutbrocht troch yn de húshâlding fan syn efteromke, de lettere keizer Trajanus...

Lês mear ...


besjen


April

Britsk Museum

It Britsk Museum is it nasjonale museum fan it Feriene Keninkryk en hat ien fan de grutste kolleksjes fan de wrâld. It museum leit oan de Great Russellstrjitte yn Londen. Alle jierren besykje likernôch 5 miljoen minsken it museum dat in wiidweidige kolleksje fan âldheden en útsûnderlike keunstfoarwerpen út âlde beskavings en fan distiid ta syn foldwaan hat. De samling oerbrêget mear as in miljoen jierren skiednis fan de minskheid en wurdt sjoen as ien fan de moaiste op 'e wrâld.

Lês mear ...


besjen


Maaie

De Slach by de Milvyske Brêge, ek wol Slach by de Pons Milvius, wie op 28 oktober 312 tusken de legers fan keizer Konstantyn de Grutte en Maksentius. De slach waard wûn troch Konstantyn en it is ien fan de ferneamdste fjildslaggen út de Romeinske skiednis. Ferneamd is de útspraak fan Konstantyn dat hy de oerwinning oan de God fan de Kristenen ....

Lês mear ...


besjen


Juny

De Frânske revolúsje (1789-1799) wie in rûzige rite yn 'e politike histoarje fan Frankryk wêrby't de republyk de monargy út it stee krong. It wie in striid fan it folk tsjin de machthawwers. Yn Jeropa sette de revolúsje in tiidrek fan oarloch yn 'e gong dat likernôch 23 jier duorje soe, omdat oare útlânske machthawwers fanwege de politike ûntjouwings yn Frankryk har slim bedrige fielden.

Lês mear ...


Besjen


July

De Historia ecclesiastica gentis Anglorum (Frysk: ‘Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk’), is in Latynsk wurk fan de Achtenearre Beda oer de skiednis fan it Angelsaksysk Ingelân, meast oer it kerstenjen fan Ingelân, benammen oer it skeel yn de Katolike tsjerke tusken de Romeinske dogmatisy en it Keltysk kristendom. It boek wurdt as ien fan de wichtichste histoaryske boarnen fan de Angelsaksyske skiednis beskôge; ek foar de Fryske skiednis is it fan belang. Troch Beda witte wy dat Aldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan it Frankyske ryk.

Lês mear ...


besjen


Augustus

thumb

Markus Lisinius Krassus wie in belangryk Romeinsk politikus yn de tiid fan de Romeinske Republyk. Hy hie de bynamme Dives, wat rike betsjut. Syn rykdom fergarre hy troch slavehannel en fêstguod. As praetor ferneatige hy de opstannige slaven ûnder Spartakus. Mei Caesar en Pompejus makke hy diel út fan it Earste Trijemanskip (60 f.Kr.).

Krassus wie fan aadlike komôf en kaam út in laach dat fjochte hie yn de Twadde Punyske Oarloch. Hja beklaaiden wichtige funksjes by de Romeinske oerheid. Syn heit wie konsul mar waard inkele jierren letter lykwols fermoarde ...,

Lês mear ...


besjen


Septimber

It Frankyske Ryk by it ferstjerren fan Pippyn fan Herstal.

De Frankyske Boargerkriich wie fan 715 oant 718 en wie it gefolch fan de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal op 16 desimber 714. Yn dizze kriich waard striid levere troch ferskillende legers fan de pakesizzer en opfolger Teudobald fan Pippyn, syn widdo Plektrudis, syn basterdsoan Karel Martel, Ragenfrid dy't him opfolge as hofmeier yn Neustrje en de nije kening Gilperik II. Ek in Frysk leger ûnder lieding fan Redbad wie by de kriich belutsen.

Yn de kriich wie sprake fan ferskillende belangen en koalysjes. Rûchwei besjoen stie it noardeasten .......

Lês mear ...


besjen


Oktober

Samûray fan de Satsuma-Klan, sa. 1868-1869

De skiednis fan Japan is foar in grut part beynfloede troch har geografyske lizzing westlik fan Aazje dêr't it fan skieden waard troch de see. Dat isolemint bepaalt ek it karakter fan de Japanner dy't gjin kennis nimme koe fan lannen om him hinne. Aziatyske ferwurvenheden as religy, keunst en wittenskippen soenen pas iuwen letter Japan ynkringe. It begjin fan de Japanske skiednis leit yn it tiidrek fan it saneamde Paleolitikum (âlde stientiid) en set útein tusken 100.000 f.Kr. oant 30.000 f.Kr., wannear't it earste stienen ark fûn wurdt, en einiget om-ende-by 12.000 f.Kr., op de ein fan de iistiid dat oerienkomt mei it begjin fan it Mesolityske Jomontiidrek.

Lês mear ...


besjen


Novimber

Kolosseum by nacht

It Flavysk Amfiteater (Latyn: Amphitheatrum Flavium), better bekend as it Colosseum, is boud yn de 1e iuw nei Kristus yn Rome en wie it grutste amfiteater yn it Romeinske Ryk. It amfiteater waard boud troch de saneamde Flavyske keizers. Nei de foltôging yn 80 waard it ynwijd troch keizer Titus. De spullen by de iepening duorren 100 dagen. De dichter Martialis wijde der in bondeltsje fan 33 epigrammen oan.

Lês mear ...


besjen


Desimber

Robert Falcon Scott

Robert Falcon Scott wie in Britsk marineoffisier en ûntdekkingsreizger. Hy waard ferneamd troch syn twa ekspedysjes nei Antarktika. By de twadde ekspedysje is er om it libben kaam mei syn fjouwer selskipslju, troch in kombinaasje fan honger, ynein wêzen en ûnbidige kjeld, op de weromtocht fan de Súdpoal dy't er berikt hie op 17 jannewaris 1912, ien moanne nei Roald Amundsen.

Lês mear ...


besjen