Bernard Schmidt (Rotterdam, 1941 - 9 desimber 2021) wie in Nederlânske politikus fan it CDA.

Fan 1961 ôf wie er wurksum by de minefeitsjinst fan de Keninklike Marine en fan 1963 oant 1967 studearre er yn Hilversum oan it Rijksinstituut tot Opleiding fan Hogere Politie Ambtenaren (RIOHPA).
Nei koart by de plysje yn Grins wurke te hawwen siet er fan 1968 ôf tsien jier by de stêf fan de ryksplysje yn Amsterdam en dêrnei waard er kommandant fan de ryksplysje op wetter distrikt Fryslân. Ein 1986 promovearre er ta distriktskommandant Ryksplysje yn Fryslân. Yn juny 1991 folge syn beneaming ta boargemaster fan Achtkarspelen wat er oant syn betide pensjonearring mids 2002 bliuwe soe.

Schmidt ferstoar hommels yn de âldens fan 80 jier.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bernard Schmidt (80) overleden. Frysk Deiblêd, 14 desimber 2021, s. 9