Beskaving

(Trochferwiisd fan Beskaafd)

Beskaving is in begryp mei ferskate betsjuttings dy't ferwize nei de minsklike ûntjouwing. Dêrby kin it gean om 'e persoanlike ûntwikkeling fan yndividuën, mar ek om 'e ûntwikkeling fan groepen. It meast komt it lykwols foar as oantsjutting foar in maatskippij mei in beskate mjitte fan kompleksiteit. Etymologysk ferwiist it wurd 'beskaving' nei it byskaven, oftewol it minder rou meitsjen troch it brûken fan in skaaf. In synonym is sivilisaasje, dat ôflaat is fan it Latynske civis ("boarger").

De Sfinks en de Piramiden fan Giza steane by útstek symboal foar de beskaving fan it Alde Egypte.

Yndividuële beskaving bewurkje seksje

Yn 'e kontekst fan it yndividu slacht 'beskaving' op it bybringen fan in noarm fan fatsoenlik hâlden en dragen. It ymplisearret dan de mjitte fan ferfining fan immen. Yn dy sin is it begryp besibbe oan etikette. Yn dizze betsjutting wurdt beskaafd hâlden en dragen as tsjinstelde beskôge fan barbaarsk hâlden en dragen.

Ynklusive beskaving bewurkje seksje

Yn 'e achttjinde iuw ûntstie ûnder ynfloed fan 'e Ferljochting de betsjutting foar it byskaven fan it oanlearen fan kennis en noarmen en wearden. Yn it doedestiden hearskjende foarútgongsleauwe wie beskaving de heechste triemme fan in ûntjouwingsproses. De Westerske wrâld waard ûndersteld him dêrmei te ûnderskieden fan eardere, barbaarske maatskippijen. Yn dizze kontekts waard 'beskaving' almar mear synonym mei 'kultuer'.

Foar maatskippijen yn oare dielen fan 'e wrâld soe dizze foarm fan beskaving te berikken wêze as se harren oanpasse soene oan 'e Jeropeeske ûntwikkelings, wêrmei't it ta in ynklusyf begryp waard. Yn 'e njoggentjinde iuw wûn dat etnosintryske wrâldbyld terrein. De komplekse eigen maatskippij waard troch de Westerlingen as superieur beskôge yn ferhâlding mei oare, minder komplekse maatskippijen. Dêrmei waard fuortendaliks ek de oerhearsking fan oare folken troch it Westen legitimearre, lykas troch de ferovering fan Noard-Amearika op 'e Yndianen of it kolonialisme fan 'e Jeropeeske grutmachten yn Afrika en Aazje. It kontakt mei de saneamd 'ynferieure' maatskippijen dat dêrút fuortkaam, fitere it rasistyske byld fan 'e blanke superioriteit noch fierder oan.

Fanwegen de sterke beladenens waard it begryp 'beskaving' geandewei de tweintichste iuw hieltyd minder yn dizze betsjutting brûkt. Dêrby spile ek mei dat men de konsepten beskaving en kultuer wer almar mear as ferskillende begripen begûn te sjen.

Eksklusive beskaving bewurkje seksje

Utlis bewurkje seksje

Yn 'e njoggentjinde iuw krige it gebrûk fan 'beskaving' in nije bestjutting yn 'e eksklusive (útslutende) sin: in beskaving wêrfan't net eltsenien diel útmakket. Yn dy sin ferwiist de term nei in komplekse maatskippij op basis fan sedintêre bou (yn tsjinstelling ta nomadyske feehâlderij), en mei in regear yn 'e foarm fan in sintralisearre bestjoer mei in burokrasy dy't belestings inet. Sa'n beskaving wurdt karakterisearre troch de ûntwikkeling fan stêden en maatskiplike stratifikaasje (d.w.s. it ûntstean fan ûnderskate maatskiplike klassen). Oare skaaimerken binne in symboalyske foarm fan kommunikaasje (lykas skriuwen), de domestikaasje fan beskate bisten, en de spesjalisaasje fan 'e arbeidsferdieling, dy't it mooglik makket om oerskotten te produsearjen en te ferhanneljen. Sa ûntstiet der foldwaande rykdom foar de ûntjouwing fan religieuze, politike en kulturele elites.

Histoarysk wurdt de term 'beskaving' yn dizze sin almeast begrepen as in gruttere en 'heechsteandere' kultuer as foargeande, saneamd primitive kultueren. Oer it algemien kin steld wurde dat it tsjinstelde fan in eksklusive beskaving in tribale maatskippij sûnder sintralisearre regear is, lykas in nomadyske feehoederskultuer of in kultuer fan jager-sammelders. De ierste beskavings ferskynden fuort nei de Neolityske Revolúsje, dy't yn beskate dielen fan 'e wrâld in fluch proses fan stedsfoarming en steatsformaasje yn gong sette. Dat barde benammen oan 'e Giele Rivier en de Jangtsekiang yn Sina, yn 'e Nyldelling fan Egypte, yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten en yn 'e Yndusdelling yn it noarden fan it Yndysk subkontinint.

Yndieling fan beskavings bewurkje seksje

Beskavings wurde yn 'e historiografy yn trije kategoryen yndield: iere beskavings, klassike beskavings en postklassike beskavings.

Iere beskavings bewurkje seksje

De grutte iere beskavings binne:

Ek de alderierste beskavings fan Meso-Amearika, Súd-Amearika, Afrika en Súdeast-Aazje wurde ta de iere beskavings rekkene.

Klassike beskavings bewurkje seksje

As klassike beskavings wurde beskôge û.o.:

Postklassike beskavings bewurkje seksje

Postklassike beskavings binne û.m.:

Hjoeddeistige beskavings bewurkje seksje

 
In lânkaart dy't (likernôch) de beskavings fan 'e hjoeddeistige wrâld werjout neffens Clash of Civilazations fan Samuel P. Huntington.

De hjoeddeistige wrâld bestiet neffens it ynfloedrike boek Clash of Civilizations, fan politikolooch Samuel P. Huntington, út njoggen ûnderskate beskavings, dy't lykwols troch de tanimmende ferwevenens fan 'e wrâldekonomy hieltyd mear nei inoar ta groeie. Huntington ûnderskate dêrby:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.