BibTeX
BibTeX is programmatuer (Ingelsk:software) om literatuerlisten oan te lizzen en te brûken binnen LaTeX-dokuminten.
BibTeX is makke troch Oren Patashnik en Leslie Lamport yn 1985.
Middels BibTeX kin men yn in LaTeX-dokumint referinsjes oanhelje om automatysk in literatuerlist yn it dokumint te setten. Mei ferskillende bibliografy-stilen kin men de lay-out fan de referinsjes yn de tekst en fan de literatuerlist tige fluch en konsekwint feroarje.
Dokumintsoarten
bewurkje seksjeBibTeX ûnderskiedt ferskate dokumintsoarten. Ofhinklik fan it dokuminttype wurdt bepaald hokker fjilden ynfold wurde moatte. Sa hat in artikel yn in wittenskiplik tiidskrift in volume en in number, wylst in boek in publisher hat.
Yn de tabel hjirûnder wurde de dokumintsoarten neamd, mei harren ferplichte fjilden. Neist de ferplichte fjilden, hawwe de soarten ek faak in oantal opsjonele fjilden.
Dokumintsoarte | Beskriuwing | Ferplichte fjilden |
---|---|---|
article | Artikel yn in wittenskiplik tiidskrift | author, title, journal, year |
book | In boek mei in útjouwer | author/editor, title, publisher, year |
booklet | In bondele wurk sûnder útjouwer | title |
conference | Ferfongen troch inproceedings | |
inbook | Diel fan in boek, bygelyks in haadstik | author/editor, title, chapter/pages, publisher, year |
incollection | Diel fan in boek mei eigen titel | author, title, booktitle, publisher, year |
inproceedings | Artikel yn in konferinsjebondel | author, title, booktitle, year |
manual | Technyske hantlieding | title |
mastersthesis | Ofstudearferslach | author, title, school, year |
misc | Alles wat net yn in oar type past | Neat |
phdthesis | Dissertaasje | author, title, school, year |
proceedings | Konferinsjebondel | title, year |
techreport | Undersyksrapport troch in ynstitút | author, title, institution, year |
unpublished | Net formeel publisearre | author, title, note |
- (Bron: LaTeX, A Document Preparation System, Leslie Lamport, 1994.)
Utwikseljen fan BibTeX-entries
bewurkje seksjeDer besteane ferskillende manieren om BibTeX-entries (de BibTeX-beskriuwing fan in dokumint) út te wikseljen. Sa jout Citeseer by elk dokumint de BibTeX-beskriuwing. Ek besteane der peer-to-peer-útwikseltsjinsten foar BibTeX-entries, lykas Bibster.