Bisdom Aken
It bisdom Aken (Latynsk: Dioecesis Aquisgranensis) is in roomsk bisdom yn 'e Dútske tsjerkeprovinsje Keulen. De biskopssit is de domtsjerke fan Aken, dy't as earste monumint fan Dútslân yn 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed opnommen waard.
Bisdom Aken | ||
![]() | ||
Basisgegevens | ||
Lân | ![]() | |
Aartsbisdom | Keulen | |
Biskopssit | Aken | |
Katedraal | Dom fan Aken | |
Patroanhillige | Marije | |
Hiemside | www.bistum-aachen.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 13 augustus 1930 | |
Hierargy | ||
Biskop | Helmut Dieser | |
Statistyk | ||
Oerflak | 3.937 km² | |
Befolking | 2.034.000 (31.12.2021) | |
Wêrfan katolyk | 935.000 (46%) (31.12.2022) | |
Dekenaten | 71 (31.12.2011) | |
Parochy's | 326 (31.12.2018) | |
![]() | ||
Lokaasje bisdom Aken yn Dútslân. |

It bisdom leit yn it meast westlike diel fan 'e dielsteat Noardryn-Westfalen en grinzget oan 'e Dútske kant oan it aartsbisdom Keulen en de bisdommen Münster, Essen en Trier. Oan 'e Nederlânske kant grinzget it bisdom oan it bisdom Roermond en oan 'e Belgyske kant oan it bisdom Luik.
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik hearde Aken by it prinsbisdom Luik. Nei it konkordaat fan 15 july 1801 wie der yn 'e Frânske tiid foar in lyts skoft in ûnôfhinklik bisdom Aken. Nei de Frânske tiid waard yn 1821 it Prusyske diel fan it bisdom by it aartsbisdom Keulen yndield. Op 30 augustus 1930 waard mei de bul Pastorale officii nostri it bisdom Aken op 'e nij stifte.
Biskoppen
bewurkje seksje- 1802-1809 Marc-Antoine Berdolet
- 1810-1814 Jean-Denis-François Camus
- 1814-1825 sedisvacatie
- 1930-1937 Joseph Vogt
- 1937-1943 sedisvacatie
- 1943-1954 Johannes Joseph van der Velden
- 1954-1974 Johannes Pohlschneider
- 1975-1994 Klaus Hemmerle
- 1994-2015 Heinrich Mussinghoff
- 2016-Helmut Dieser
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bistum Aachen
|
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Aken • Augsburg • Bamberg • Berlyn • Dresden-Meißen • Eichstätt • Erfurt • Essen • Freiburg • Fulda • Görlitz • Hamburch • Hildesheim • Keulen • Limburch • Magdeburg • Mainz • München en Freising • Múnster • Osnabrück • Paderborn • Passau • Regensburg • Rottenburg-Stuttgart • Spiers • Trier • Würzburg | |
Eardere bisdommen | Bremen • Halberstadt • Lübeck • Minden • Verden | |
· · |