Op 22 maart 1803 waard it apostoalysk fikariaat Breda ynsteld as in ôfsplitsing fan it apostoalysk fikariaat De Bosk. In diel fan it aartsbisdom Mechelen waard yn 1853 tafoege oan it fikariaat, dat op 14 maart 1853 mei de weropbou fan de tsjerkeprovinsje omset waard yn in bisdom.
As katedraal tsjinne fan 1853 oant 1875 de neoklassisistyske Antoniustsjerke yn it sintrum fan Breda. It bisdom hie troch Pierre Cuypers in grutte neogoatyske krústsjerke bouwe litten oan de Prinsenkade, de Barbaratsjerke, dy't yn 1875 as katedraal yn gebrûk nommen waard. De Barbaratsjerke waard yn 1968 sletten en dêrnei ôfbrutsen en de biskopssit ferhûze nei de Michaeltsjerke yn it easten fan Breda.
Mei in pauslik dekreet krige op 1 novimber 2005 de Antoniustsjerke de status fan katedraal werom.
- Marije; patroansfeest: Marije-Himelfeart (15 augustus)
Apostoalysk fikaris Breda
|
1803 - 1826
|
Adrianus van Dongen
|
1827 - 1853
|
Joannes van Hooydonk
|
Biskop fan Breda
|
1853 - 1867
|
Joannes van Hooydonk
|
1868 - 1874
|
Joannes van Genk
|
1874 - 1884
|
Henricus van Beek
|
1884 - 1914
|
Petrus Leyten
|
1914 - 1951
|
Petrus Hopmans
|
1945 - 1951: Joseph Baeten (koadjutor)
|
1951 - 1962
|
Joseph Baeten
|
1962 - 1967
|
Gerardus de Vet
|
1967 - 1992
|
Huub Ernst
|
1994 - 2007
|
Tiny Muskens
|
2006 - 2007: Hans van den Hende (koadjutor)
|
2007 - 2011
|
Hans van den Hende
|
2011 - no (2020)
|
Jan Liesen
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Kaski/Radboud Nijmegen: Kearnsifers Roomsk-Katolike Tsjerke (2021)
|