It bisdom Essen (Dútsk: Bistum Essen; Latyn: Dioecesis Essendiensis) leit yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It bisdom is suffragaan oan it aartsbisdom Keulen.

Bisdom Essen
Bistum Essen
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Keulen
Biskopssit Munstertsjerke fan Essen
Patroanhillige Marije
Hiemside www.bistum-essen.de
Skiednis
Oprjochting 1958
Hierargy
Biskop Franz-Josef Overbeck
Statistyk
Befolking 2.521.762 (2017)
Wêrfan katolyk 755.076 (2018; 29,9 %)
Dekenaten 10
Parochy's 52
Lokaasje bisdom Essen.
Lokaasje bisdom Essen.
 
Munster fan Essen.

It bisdom Essen waard op 23 febrewaris 1958 stifte út dielen fan 'e bisdommen Keulen, Paderborn en Münster. De biskopssit is de munster fan Essen.

Patroanhilligen

bewurkje seksje

Sûnt 1959 is Marije de patroanes fan it bisdom. Oare patroanhilligen binne Liudger, de stifter fan it bisdom en de earste biskop fan it bisdom Münster en Altfrid, stifter fan it stift en de stêd Essen.

List biskoppen fan it bisdom Essen

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roomsk-katolyk bisdom Essen fan Wikimedia Commons.