Bisdom Regensburg
It bisdom Regensburg (Dútsk: Bistum Regensburg; Latynsk: Dioecesis Ratisbonensis) is in roomsk bisdom yn Dútslân.
Bisdom Regensburg | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | München en Freising | |
Biskopssit | Regensburg | |
Katedraal | Dom fan Regensburg | |
Patroanhillige | Wolfgang fan Regensburg | |
Hiemside | bistum-regensburg.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 739 | |
Stifter | Bonifatius | |
Hierargy | ||
Biskop | Rudolf Voderholzer | |
Statistyk | ||
Oerflak | 14.665 km² | |
Befolking | 1.741.900 (31.12.2018) | |
Wêrfan katolyk | 1.158.482 (66,5%) (31.12.2018) | |
Dekenaten | 33 (31.12.2014) | |
Parochy's | 631 (31.12.2018) | |
Lokaasje bisdom Regensburg yn Dútslân. |
It bisdom bestiet sûnt it jier 739 en waard troch Bonifatius ynsteld. De earste biskop wie Gaubald. Biskop Wolfgang stifte yn it jier 975 it âldste jongeskoar fan 'e wrâld, de Regensburger Domspatzen.
De sit fan it bisdom is yn Regensburg, dêr't de domtsjerke stiet. It bisdom leit yn it noardeastlike diel fan Beieren. Wat oerflak oanbelanget is Regensburg it grutste bisdom fan Beieren.
Sûnt 1817 is it bisdom suffragaan oan it aartsbisdom München en Freising. Patroanhillige fan it bisdom is Wolfgang fan Regensburg.
Bekende biskoppen
bewurkje seksje- Emmeram fan Regensburg, hillige martler, 2e helte 7e-iuw
- Rupert fan Salzburg, hillige, biskop ± 697 (ûnwis)
- Erhard fan Regensburg, hillige, biskop foar 720
- Wolfgang, hillige, biskop fan 972 oant 994
- Albertus Magnus, hillige, bynamme de Grutte, biskop fan 1260 oant 1262
- Karl Theodor von Dalberg, karfoarst en bisdom administrator fan 1803 oant 1805, aartsbiskop, metropolyt en primas fan Dútslân fan 1805 oant 1817
- Johann Michael von Sailer, biskop fan 1829 oant 1832
- Georg Michael Wittmann titulêr biskop fan Comama en wijbiskop fan Rengenburg, biskop fan Regensburg fan 1832 oant 1833
- Michael Buchberger, teolooch, biskop fan 1927 oan 1961, krige yn 1950 de persoanlike titel aartsbiskop
- Gerhard Ludwig Müller, teolooch, biskop fan 2002 oant 2012, dêrnei oant 2017 prefekt foar de Kongregaasje foar de lear fan it Leauwe, kardinaal
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Regensburg fan Wikimedia Commons. |
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Bisdom Aken • Bisdom Augsburg • Aartsbisdom Bamberg • Aartsbisdom Berlyn • Bisdom Dresden-Meißen • Bisdom Eichstätt • Bisdom Erfurt • Bisdom Essen • Aartsbisdom Freiburg • Bisdom Fulda • Bisdom Görlitz • Aartsbisdom Hamburch • Bisdom Hildesheim • Aartsbisdom Keulen • Bisdom Limburch • Bisdom Magdeburg • Bisdom Mainz • Aartsbisdom München en Freising • Bisdom Múnster • Bisdom Osnabrück • Aartsbisdom Paderborn • Bisdom Passau • Bisdom Regensburg • Bisdom Roottenburg-Stuttgart • Bisdom Spiers • Bisdom Trier • Bisdom Würzburg | |
Eardere bisdommen | Aartsbisdom Bremen • Bisdom Halberstadt • Prinsbisdom Lübeck • Bisdom Minden • Bisdom Verden | |
· · |