Boekhannel Schaaf

Boekhannel Schaaf (Nederlânsk en offisjeel: Boekhandel Schaaf) wie in boekhannel yn 'e Fryske stêd Dokkum, dy't fan grutte betsjutting wie foar it hiele noardeasten fan 'e provinsje.

Boekhannel Schaaf
Boekhandel Schaaf
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor boekhannel
fêstige yn Dokkum (Fryslân)
oprjochte 1898
opdoekt 2017
opgien yn Boekhannel Van der Velde
offisjele webside
n.f.t.

Skiednis bewurkje seksje

Boekhannel Schaaf wie in famyljebedriuw, dat yn 1898 oprjochte waard. Eigneresse Anita Schaaf kloppe yn 2016 op eigen inisjatyf oan by Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert mei de fraach oft men dêr belangstelling hie om Boekhannel Schaaf oer te nimmen. Dy belangstelling wie der yndie, en trochdat de Gemeente Dongeradiel in liening fan 175.000 beskikber stelde, waard de oername en de dêrfoar nedige ferbouwing fan it âlde winkelpân oan 'e Breedstrjitte mooglik makke.

Foar Van der Velde waard de boekhannel yn Dokkum de sânde fêstiging yn Noard-Nederlân, nei de haadfêstiging yn Ljouwert en ien filiaal yn Snits, ien yn Drachten, twa yn Grins en ien yn Assen. Skaalfergrutting wie it iennichste dat it behâld fan in boekhannel yn Dokkum mooglik makke, dêr't yn 2016 Boekhannel Bergsma oer de kop gie, dat krekt as Schaaf in âld famyljebedriuw wie. In bedriuw mei ferskate fêstigings, lykas Van der Velde, hie gruttere ynkeapkrêft, legere overheadkosten en mear mooglikheden ta ynvestearjen. Boppedat koe it ûnferkochte foarrieden oerhevelje nei oare filialen. Van der Velde makke fierders mei de iepenbiere bibleteken yn Dokkum en omkriten de ôfspraak dat harren ynkeap tenei fia Van der Velde rinne soe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: