Bonifatiustsjerke (Aldeberkeap)

De Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap is in romanogoatyske tsjerke fan de protestantske gemeente Alde- en Nijeberkeap.

Bonifatiustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Aldeberkeap
adres Willinge Prinsstrjitte 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 524295
offisjele webside
Prot. gemeente Alde- en Nijeberkeap

Skiednis bewurkje seksje

De ienskepige tsjerke waard yn de 12e iuw boud fan dowestien yn romaanske styl. Yn de 14e iuw folge in eastlike ferlinging fan it gebou yn goatyske styl.

Yn de 16e iuw waard it koer fernijd. De toer stoartte yn de Tachtichjierrige Oarloch yn. De weropbou fan de toer, leger en smeller as foarhinne, fûn yn 1608 fan Fryske gieltsjes plak.

Under lieding fan H.M. Hulsbergen waard de tsjerke yn de jierren 1926-1932 restaurearre. By dy restauraasje waard de bepleistering út 1845 weihelle.

Oarspronklik wie de tsjerke wijd oan Bonifatius, mar letter waard de tsjerke nei Sint-Fitus ferneamd. By de tsjerkefúzje fan 2004 waard de tsjerke de namme fan Bonifatiustsjerke jûn.

De tsjerke stiet op in tsjerkhôf, dat mei in muorre omklamme wurdt. Eartiids waard de muorre troch fjouwer poarten mei trepgevels ûnderbrutsen. Ien fan dy poarten, de westlike, is by de restauraasje fan de muorre yn 2011-2012 rekonstruearre.

 
Oargel

Ynterieur bewurkje seksje

De tsjerke besit in 14e-iuwsk doopfont fan sânstien. De boppekant fan it doopfont wie slim skeind en krige in nije râne fan Chris Fokma.

De preekstoel en de hearebank stamme út de 17e iuw. Yn de tsjerke hingje twa kroanluchters út de 17e iuw.

Yn 2007 binne de âlde lûkbalken ferfongen troch nije om't se oantaast wiene troch de bûnte kjifkrobbe.

It oerwurk yn de toer is makke troch Van Bergen yn it earste fearn fan de 20e iuw.

Oargel bewurkje seksje

De Bonifatiustsjerke krige foar it earst in oargel yn 1858. Bouwer wie de firma Johan Christoff Scheuer & Soannen út Swol. It front fan dat oargel, dat boud waard troch doarpstimmmerman Hendrik van der Broek, bleau bewarre doe't it ynstrumint yn 1919 ferfongen waard troch in oargel fan de firma Van Dam. By de bou brûkte Van Dam 18e-iuwsk piipwurk fan in oargel fan Albertus fan Gruisen út 1787, dat yn de herfoarme tsjerke fan Wergea stien hie. It oargel is yn 1988 restaurearre en wizige troch de firma Mense Ruiter út Zuidwolde. De wynfoarsjenning, de wynlade, manualen en mechaniken binne yn oarder makke en de disposysje is feroare neffens it klankbyld fan Fan Gruisen, om't it measte piipwurk fan dy oargelbouwer stamt.[1]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Orgelsite, oproppen 28.08.2018