Haadmenu iepenje
It Bozeman Trail (yn giel).

It Bozeman Trail (útspr.: ['bo:zmən tɹe:l], likernôch: "booz-m'n treel") is in histoarysk paad troch de Amerikaanske steaten Wyoming en Montana, dat yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ien fan 'e wichtichste rûtes wie dy't troch blanke kolonisten brûkt waarden om nei it Wylde Westen ta te gean. It ferbûn it gruttere en bekendere Oregon Trail yn sintraal Wyoming mei de goudfjilden fan westlik Montana, en rûn dwers troch it lân fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen, twa Yndiaanske folken dy't de blanken tige fijannich wiene. Tsjintwurdich binne ferskate segminten fan it Bozeman Trail opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP).

SkiednisBewurkje

It Bozeman Trail waard yn 1863 foar it earst ferkend troch John Bozeman en John Jacobs. It waard it measte brûkt yn 'e perioade fan 1863 oant 1868, oan 'e ein fan en fuort nei de Amerikaanske Boargeroarloch. Doe't der almar mear Yndiaanske oerfallen op 'e kolonisten plakfûnen, boude it Amerikaanske Leger Fort Reno, Fort Phil Kearney en Fort C.F. Smith by it Bozeman Trail lâns, dêr't ôfdielings ynfantery en kavalery legere waarden om 'e kolonisten te beskermjen.

 
Offisjeel rûteboerd.

Yn 1866 brûkte de rike feeboer Nelson Story it Bozeman Trail om 1.000 Texas longhorn-kij út Teksas wei nei Montana te driuwen. Hoewol't hy en syn bisten bleatstiene oan Yndiaanske oanfallen dêr't it leger harren sûnder súkses tsjin besocht te beskermjen, slagge it Story om mei it grutste part fan syn keppel de Gallatin-delling te berikken. Story syn keppel wie ien fan 'e earsten yn Montana.

De stream kolonisten dy't sûnder wurd fan ûntskuldiging it lân fan 'e Lakota en Noardlike Sjajinnen trochkrúste en de rige forten dy't it leger dêr boude, foarmen de wichtichste oarsaken foar de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't de Yndianen in oerwinning boekten. Under dat konflikt fûnen ferskate wapene konfrontaasjes plak by it Bozeman Trail lâns, wêrûnder it Fetterman-bloedbad en it Weinkraalgefjocht.

Yn 1868 erkende it Amerikaanske regear by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie it gebiet dêr't it Bozeman Trail trochhinne rûn as it lân fan 'e Lakota. Under de ôfspraken fan dat ferdrach waarden de forten oan it paad ûntromme en ôfbrutsen. Tusken 1868 en 1876 wie it Bozeman Trail sadwaande frijwol ôfset, mar nei de definitive nederlaach fan 'e Yndianen yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 waard it wer begeanber. Tsjin dy tiid wie der lykwols net sa'n grut ferlet mear fan, al brûkte it Amerikaanske Leger it paad noch wol in protte en waard der in tillegraafline bylâns oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.