Brûns (kleur)

Brûns is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in metallic-kleur fan nei dûnkergiel niigjend ljochtbrún. De kleur ûntlient syn namme oan it metaal brûns, dat eins in legearing is fan koper en tin. Sawol by additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) as by subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur. As kleuroantsjutting wurdt 'brûns' (yn 'e Ingelske foarm bronze) al brûkt sûnt teminsten 1753.

brûns
kleurkoördinaten
heksadesimaal #CD7F32
RGBª (rgb) (205, 127, 50)
CMYKº (cmyk) (25, 59, 86, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Besibbe tintenBewurkje

Inkele nau besibbe kleurfarianten binne:

antyk brûns #665D1E                         
blast-off bronze #A57164       

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.