Haadmenu iepenje
Skatzenburch yn 1900.

Skatzenburch (Nederlânsk: Schatzenburg) of earder Brantsmastate is in state en ryksmonumint oan Eastryp 2 yn Dronryp, gemeente Menameradiel. It hûs is yn 2010 bewenne.

It âldste hûs op dit steed is fan foar 1698, doe't op Brantsmastate in nij wenhûs mei in flaamske gevel setten waard. Eigener wie Christiaan de Hertoghe, sekretaris fan Menameradiel. Fan dit pân is in tekening troch J. Stellingwerf út 1722 yn it Frysk Museum bewarre bleaun.

Om 1725 is it pân troch Harmannus Huber en syn frou Elizabeth Huber-De Hertoghe, ûnder arsjitektuer fan Wijbe Saagman drastysk ferboud en fernijd. It snijwurk en byldhouwurk, lykas de skoarstienboazem yn de seal en de sânstiennen bekroaning mei alliânsjewapen op de flaamse gevel, waard makke troch de byldhouwer Jacob Sydses Bruinsma en syn omke Storm. By dizze ferbouwing binne seker de gevels en grif in soad fan it ynterieur fernijd. De finsters bestienen út skoramnen mei lytse rútsjes, skieden troch in keal. Soksoarte finster is noch werkenber yn de sydgevel.

Koart foar 1749 krige it hûs de namme Skatzenburch. Om 1780 waard troch Johannes Lambertus Huber, ien fan de lieders fan de patriotten, it hûs modernisearre. De foargevel krige hjirby ûnder oare de no noch oanwêzige ramen. Mooglik komt de kroanlist ek út dy tiid. Yn 1787 moast J. L. Huber flechtsje nei Frankryk. Op it hûs waard beslach lein troch de Steaten. Yn 1790 kaam it yn hannen fan Cornelis Martinus Haersma te Wikel.

Sûnttids hat it gebou net folle feroarings ûndergien, útsein in útwreiding oan de efterkant. Yn it sûterrên binne inkele keamers en in noch yn orizjinele steat ferkearende 16e iuwske koken. Op de haadferdjipping sit rjocht fan de romme gong de seal mei in rynsk byldhoude skou. De plafonds hawwe ienfâldich stúkwurk. Fan 1837 - 1887 waard it hûs troch dr. Assuerus Quaestius bewenne, dy't by syn dea oan de stichting Vredenhof yn Dronryp neiliet oan de fouden, dy't út de neisieten fan de famylje Huber socht wurde. De yn Ingelske lânskipsstyl oanleine tún mei hôven en kassen binne noch yn reedlike steat. Der is wat stinzefloara.

BewennersBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979