Haadmenu iepenje
Sicht op Bredevoort (2006)

Bredevoort (Nedersaksysk: Brevoort) is in stêd yn de Nederlânse provinsje Gelderlân, mei 1.525 ynwenners (1 jannewaris 2008).

SkiednisBewurkje

 
Bredevoort yn 1634

Om 800 hinne bouden de heren van Loon in kastiel yn Bredevoort dat oant 1646 stean bleaun is. Yn it jier 1388 krige Bredevoort stedsrjochten fan Otto I fan Gelre. De stêd waard Spaansk yn 1562 en waard in 1597 troch Maurits fan Oranje ynnaam. Yn Bredevoort slacht op 12 july de bliksem yn de krûdtoer fan kastiel Bredevoort dêr't 40 minsken by omkomme, en it kastiel en it amthûs, en in soad huzen fernield wurde.

StedsoansichtBewurkje

 
De Landstraat (2009)

Bredevoort falt sûnt 1986 ûnder de beskerme stedsgesichten. Fan de âlde festingwurken binne no allinnich noch de âlde stedsgrêft en it mole bolwurk oer. Bredevoort hat in monumintale binnenstêd mei in pear hûndert histoaryske wenhûzen. Wichtichste monuminten binne de mole "Prins van Oranje", en de Sint Joristsjerke.

Eveneminten en festivalsBewurkje

  • Gondelfeart. Op de âlde stedsgrêft (jierliks, it lêste wykein fan augustus, earste wykein fan septimber.

Eksterne ferwizingBewurkje