Briana Banks, echte namme: Briana D. Bany (München, 21 maaie 1979), is in Dútsk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Mirage Spark, Mirage, Briana en Brianna. Har hjoeddeistige skûlnamme wurdt gauris misstavere as Brianna Banks. Hja waard berne yn Dútslân, mar groeide fierhinne op yn 'e Feriene Steaten. Yn 1999 sette se útein mei in tige súksesfolle karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn juny 2001 stie Banks as Pet of the Month yn it neakenblêd Penthouse.

Briana Banks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Brianna Banks, Mirage Spark,
Briana, Brianna, Mirage
echte namme Briana D. Bany
nasjonaliteit Dútsk
Amerikaansk
berne 21 maaie 1979
berteplak München (Beieren)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19992006, 20082013 &
2015 – no
offisjele webside
www.brianabanks.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Briana Banks waard yn 1979 berne yn München, yn 'e Dútske dielsteat Beieren, as de dochter fan in Dútske heit en in Amerikaanske mem. Hja hat in jongere suster mei wa't hja twa jier skeelt dy't fan Lorin Hamilton Bany hjit. Dy wurke yn 2004 mei oan twa ôfleverings út in realitytillefyzjesearje oer Banks mei as titel Porno Valley. Doe't se fjouwer jier wie, giene Banks har âlden útinoar en ferfear har mem mei de beide bern earst yn 1983 nei Grut-Brittanje, en letter yn 1986, doe't Banks sân jier wie, nei de Feriene Steaten, dêr't se har yn Simi Valley, in foarstêd fan Los Angeles, nei wenjen setten. Banks har heit wennet noch altyd yn Dútslân.

Banks groeide fierder op yn súdlik Kalifornje, en gie mei sechstjin jier op harsels te wenjen, wêrby't se har fjirtjinjierrige suster Lorin meinaam. Doe't se achttjin jier waard, krige se de fâdij oer Lorin tawiisd. Banks wurke yn har tinerjierren út en troch as model, wêrby't se ien kear op 'e omslach fan it tydskrift Teen stie. Dêrnjonken hie se ferskate oare banen, wêrûnder pytsabakker, winkelfamke yn in doch-it-selssaak, administratyf meiwurkster by in fersekeringsbedriuw en siktaresse by in kosmetikaprodusint.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Yn 1999, doe't se tweintich jier wie, reägearre Banks op in advertinsje yn in krante wêryn't modellen socht waarden foar neakenfotografy. Koarte tiid letter makke se ûnder de skûlnamme Mirage har debút yn 'e pornografyske film, University Coeds 18, as tsjinspylster fan pornoakteur Brandon Iron. Yn 2000 naam se de namme Briana Banks oan nei't se har earste (fan twa) boarstfergruttingsoperaasje hân hie. Dêrby kombinearre se har eigen foarnamme mei de efternamme Banks, dy't se oernommen hie fan supermodel Tyra Banks. Har earste rol ûnder har nije namme hie Banks yn 'e film Decadent Whores 9.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Banks sûnt 1999 yn totaal yn likernôch 320 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Vivid Entertainment, Adam & Eve, Elegant Angel, VCA Pictures, Diabolic Video, Wicked Pictures, Digital Playground en ClubJenna. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's as Legend Video, Third Degree Films, Extreme Associates, West Coast Productions, Jake Steed Productions, Pure Play Media en Big Top Video, dat him taleit op films fan it grutte-boarstesjenre. Teffens hat Banks wol yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Brazzers, Bang Bros en Naughty America.

 
Briana Banks mei har doetiidske man Bobby Vitale yn 2004.

Njonken har aktearwurk is Banks ek aktyf as neakenmodel. Sa wie se yn juny 2001 de Pet of the Month yn it neakenblêd Penthouse en stie se datselde jiers op 'e omslach fan AVN, it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Ek yn 2001 sleat Banks in eksklusyf twajierrich kontrakt ôf mei de studio Vivid Entertainment. Yn 2002 wie Banks mei Jenna Jameson ien fan 'e earste pornostjerren wêrfan't boartersguodpoppen (action figures) makke waarden.

Oer Banks en oare Vivid-kontraktstjerren lykas Jenna Jameson, Savanna Samson en Tawny Roberts waard yn 2004 in trettjindielige realitytillefyzjesearje makke mei as titel Porno Valley (of ek wol Vivid Valley). Datselde jier wurke se mei oan it boek How to Have a XXX Sex Life: The Ultimate Vivid Guide, wêryn't sy en oare Vivid-kontraktstjerren advizen joegen op it mêd fan geslachtsferkear en anekdoates fertelden oer harren eigen sekslibben.

Yn oktober 2006 kaam Banks yn it nijs doe't se seksboartersguodfabrikant Doc Johnson foar de rjochter dage mei in skeaclaim fan mear as $75.000 om't dat bedriuw in ûnautorisearre lateks ôfjitsel fan har geslachtsdielen produsearre hawwe soe. Yn 2009 begûn Banks har eigen filmstudio, dy't se Briana Banks Entertainment neamde. Fan 2006 oant 2008 en jitris fan 2013 oant 2015 loek Banks har tydlik út 'e pornoyndustry werom. Nei har twadde comeback tekene se yn 2015 in kontrakt by it ympressariaat Society 15, dat eigendom is fan har kollega Kendra Lust.

Oant en mei 2015 hie Banks yn totaal achttjin kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Yn 2001 wûn se de Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske priis foar pornofilms, yn 'e kategory bêste nije Amerikaanske aktrise. Yn 2009 waard se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 2003 troude Banks mei pornoakteur Bobby Vitale, mar dat houlik rûn yn 2006 út op in skieding.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Briana Banks hat blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m lang, mei in gewicht fan 50 kg. Se beweart de "langste skonken fan 'e pornoyndustry" te hawwen. Banks hat kupmaat 35DD, dêr't se twa boarstfergruttingsoperaasjes foar ûndergien hat. Fierders hat se in nâlpiercing en in tongpiercing. As tatoeaazjes hat se in floral en in yin-yangsymboal op har ûnderrêch, flinters heger op har rêch, in twadde floral boppe har skamstreek, in bân fan stikeltrie om har lofterankel en in stjer op eltse pols.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2001 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Mark Cummings) Perverted Stories 28
Hot d'Or wûn bêste nije Amerikaanske aktrise n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste nije stjer (publykspriis) n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre froulike stjer fan it jier n.f.t.
2002 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Lola, Aurora Snow en Joey Ray) Taboo 2001
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Justine Romée en Joel Lawrence) Tails of Perversity 8
XRCO Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jenna Jameson) My Plaything: Jenna Jameson
2003 Adam Film World Guide Award wûn bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Jenna Jameson) Briana Loves Jenna
AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Jenna Jameson) Briana Loves Jenna
nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Chandler, Cheyne Collins, Michele Raven, Dale DaBone en Pat Myne) Vision
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jenna Jameson) Briana Loves Jenna
2004 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Tricks
2005 Exotic Dancer Award wûn bêste optreden yn in pornofilm n.f.t.
2006 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2007 AVN Award nominearre kontraktstjer fan it jier (foar Vivid Entertainment) n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Penny Flame) Layout
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Monique Alexander, Lanny Barbie, Lacey Love, Lyndsey Love,
Lexi Marie, Mercedez, Stefani Morgan, Tera Patrick, Tawny Roberts en Savanna Samson)
Where the Boys Aren't 18
nominearre bêste anale sekssêne (film) (mei Kurt Lockwood) Layout
nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Brooke Haven, Hillary Scott en Evan Stone) Layout
nominearre bêste aktrise Layout
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Monique Alexander, Lanny Barbie, Lacey Love, Lyndsey Love,
Lexi Marie, Mercedez, Stefani Morgan, Tera Patrick, Tawny Roberts en Savanna Samson)
Where the Boys Aren't 19: Arabian Nights
nominearre bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Perfect Match
nominearre bêste groepsekssêne (mei Mick Blue, Michael Stefano en John Strong) Perfect Match
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Otto Bauer en Ben English) Flashback

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.